Weppers tiisdei 13-1

Weppers moandei 12-1
12 januari 2009
Weppers woansdei 14-1
13 januari 2009

Net traine
We kinne jûn noch net traine.
It fjild lit dit net ta (opdooi).
Nei hiel wat beltjes is it slagge dat we tongersdei terjochte kinne op it keunstgers fan it ‘Schuttersveld’ yn Snits.
Dit fan 18.00 oere oant 19.30 oere.
It is betiid, mar prebearje wol te kommen!!
Wa’t beslist nèt kin en dan beslìst nèt.. moat mij foar woansdei 19.00 oere eefkes belje.
We geane om 17.45 fuort.
Groet Klaas Okkema


SDS 6
Foar de winterstop is der in gearkomst west mei de Technyske Kommisje en alle leiders en trainers fan de SDS-senioaren. Op dizze gearkomst is beslúten dat SDS it nei de winterstop dochs wer probearje sil mei in 6e. Wy hoopje dat alle SDS ‘ers de skouders derûnder sette om dit ta in sukses te bringen, sadat eltse sneon alle fuotballers fuotbalje kinne en net tsjin harren sin thús hoefe te bliuwen.

Mannen oanmelde!
No ’t SDS mei in 6e team de kompetysje yn sil is der ek wer romte foar nije senioareleden. Jim kinne jim
hjir oanmelde.

Famkes oanmelde!
Famkes fanôf 10 jier dy ’t graach fuotbalje wolle kinne harren opjaan foar in trainingsseizoen. Oan’t no ta hawwe wy al 4 of 5 oanmeldingen. Jim kinne jim
hjir oanmelde.

Nei SDS 2
De seleksje fan SDS 1 is wat ynkoarten. Jildert, Dirk, Jelmer, Arjen en Syb sitte nei de winterstop by de B-seleksje.

SDS 2 oefent
Ek SDS 2 oefent kommende sneon yn Dokkum. Sy spylje om 12.00 tsjin Be Quick Dokkum 2.

Tasnr. 38
H
eeft iemand tas nr 38 ook gevonden? Ben m op een iets te gezellige avond in de kantine “kwijtgeraakt”
…….inmiddels een week geleden….
Dennis Dijkstra
Neffens it SDS-TRS(Tassenregistraasjesysteem) hat Jan Stenekes nr. 38 en Dennis 101………. Jan reageart dus ek al:
Hiest do net tas nummer 101?? 
Wit wol wer’t dy is.
Groeten Jan (dyn meardere)


SDS A1 wer traine
De trainingen foar de A- en B-junioaren begjinne wer op MOANDEI 19 JANNEWARIS 2009!
Selde tiiden as foar de winterstop.
Groetnis,
Klaas Pompstra

SDS-sealtoernoai
Sneon 17 jannewaris is wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren. It is de bedoeling dat alle spilers fan SDS 1, 2, 3 , 4 en 5(én 6!) hjiroan meidogge. Graach opjaan by je leider foar tongersdei 23.00.

Typhonia
Wij fregen ús ôf wêr’t dy klup wei kaam. It antwurd komt fan Henk Buning (âld trainer fan SDS), Oebele Anema (
skout yn Mantgum), Johan de Graaf (skout yn Wommels) en Lykle Bleekveld (âld trainer fan SDS). Sij witte alle trije te melden dat Typhonia út Menaam kaam. Lykle ljochtet it ta:
Hallo Willem/Aant,
VV Typhonia is een zaterdagclub die omstreeks 1950 is opgericht.
De vereniging speelt zijn wedstrijden op oude voetbalveld te Menaldum. (nu nog altijd kaatsveld} Foarut was de zondagclub die in 1930 was opgericht.
Op 22 augustus 1963 komt er een fusie tussen beide clubs en besluiten om op zaterdag te gaan voetballen!
De naam na de fusie wordt vv Foarut.
Groetjes,
Lykle Bleekveld

Tankje wol hearen, wij binne wiis mei dizze ynformaasje.

Frans Hoek keeperpromotiedag
It jeugdbestjoer fan SDS soe it aardich fine as jeugdkeepers fan SDS hjir hinne gean. Sy wurde hjir better fan en it is fansels in hiele belibbenis. De kosten binne foar je sels:
SC Franeker organiseert samen met Frans Hoek Sports 17 februari as. van 10 tot 16.00 uur een keeperspromotiedag voor jeugdkeepers en keepsters uit heel Friesland. Doelstellingen van deze dag zijn:
– Een dag heerlijk keepen in al zijn facetten
– Het promoten van het keepen
– Strijd om de titel DE BESTE KEEPER(STER) van het district
Meer informatie
Inschrijvingsformulier
Kijk voor meer informatie op
http://www.footbally.com. Frans Hoek is de huidige assistent/keeperstrainer van het nationale elftal van Polen en de voormalige keeperstrainer van AJAX, het Nederlands elftal en de keeperstrainer van F.C. Barcelona.

Kâld
De trainer fan Chelsea, de Braziliaan Felipe Scolari, hat it goed nei syn sin by Chelsea. Dit ûndanks it ferlies fan ôfrûne snein mei 3-0 fan Manchester United. Oan de kjeld hat hy wol in hekel (klik
hjir).

Ronaldo vs. Messi
Juster is Cristiano Ronaldo troch de FIFA útroppen tot beste fuotballer fan de wrâld. Messi waard 2e. Yn dit filmke kinne jim se beide sjen: