Weppers tiisdei 13-1
12 januari 2009Winterprogramma SDS 3
15 januari 2009SDS-sealtoernoai
Sneon 17 jannewaris is wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren. It is de bedoeling dat alle spilers fan SDS 1, 2, 3 , 4 en 5(én 6!) hjiroan meidogge. Graach opjaan by je leider foar tongersdei 23.00.
SDS 2 traint yn Snits
SDS 2 sil moarn yn Snits traine:
Nei hiel wat beltjes is it slagge dat we tongersdei terjochte kinne op it keunstgers fan it ‘Schuttersveld’ yn Snits.
Dit fan 18.00 oere oant 19.30 oere.
It is betiid, mar prebearje wol te kommen!!
Wa’t beslist nèt kin en dan beslìst nèt.. moat mij foar woansdei 19.00 oere eefkes belje.
We geane om 17.45 fuort.
Groet Klaas Okkema
Bytekene
Klaas Okkema hat ek hy foar in jier bytekene as trainer fan SDS 2.
Verbeek derút!!
It is safier; Gert-Jan Verbeek is ûntslein troch Feyenoord(klik hjir). Lokkich foar SDS hat Klaas Okkema krekt bytekene.
Futsal
De sealfuotballers fan SDS 2 meie jûn ek wer los. Sy spylje jûn om 20.30 thús tsjin Haskerland 4.
Wer traine
SDS 3 begjint jûn ek wer te trainen. De lange broek hoeft net oan, want de 1e training sil yn de seal wêze. De training is fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes €1,- meinimme.
Leuke link
Fan Dirk de Jong krigen wy in aardige link. Op dizze webside kinne je alle sporten op de wrâld direkt sjen. Sa koenen je snein sels de wedstryd fan SC Heerenveen tsjin Nürnberg foar de Antalya Cup fia de Turkse tillevysje besjen. De muoite wurdich dus(klik hjir). Dirk bedankt!
By de Jumbo
Johan Postma fuotballet net mear by SDS. Hy hat fan ’t simmer beslúten syn fuotbalkariëre troch te setten by de JUMBO. El Hamdaoui hat dit ek in skoftke dien by in konkurrint fan de JUMBO en dat hat fertúten dien. Hy is no topskoarder fan de eredivisie. Wy binne benijd hoe ’t it mei Johan komt: