Weppers tiisdei 12-8

Weppers moandei 11-8
10 augustus 2008
Weppers woansdei 13-8
12 augustus 2008

Petear
Ôfrûne sneon hat de fersoarger fan SDS 1, Dooitze Nauta, op de trainingsdei foar SDS 1 en 2 in presentaasje holden oer blessureprevinsje. Fansels is dit foar eltsenien goed om te witten. Dêrom kinne jim in gearfetting fan dizze presentaasje yn it bewarnûmer fan de Treffer ferwachtsje.


Bekerje dus ek traine!
SDS 4 sit dit jier foar it earst yn de bekerstriid. Dat betsjut wol dat de wedstriden kommende sneon begjinne. De lieders Rudy en Ivo dogge derom in dringende miskien dan wol dwingende oprop:
Oankommende sneon stiet foar SDS 4 de earste beker wedstriid alwer op it programma. Derom roppe wy eltsenien fan SDS 4 op om oankommende tongersdei om 20.00 oere te trainen.  Wa sleept oan it ein fan it seizoen de jong- tsjin âldbokaal mei nei de prizekast?
Oant tongersdei,
Ivo & Rudy

Wizigingen(1)

It seizoen is noch net iens oan de gong of wij kinne de earste wizigingen al wer melde. Kommende sneon wurdt der thús net bekere.
B1 spilet op 18-8 om 19.00 oere thús tsjin Makkum
D1 spilet op 19-8 om 19.00 thús tsjin Harlingen
C1 spilet ?????? dat krije wij noch troch

Wiziging(2)
SDS 4 moat sneon út bekerje tsjin TOP’63. Dit soe om 12.00, mar dit is fersetten nei 14.30. Sa hawwe de mannen fan SDS 4 krekt efkes langer tiid om fan harren earste training te bekommen………….

Weppers
Soms krije wij wolris in licht ferwyt dat er oer bepaalde alvetallen net sa folle op de side stiet. Wij kinne dêr net it measte oan dwaan. Mar jim wol. Wij besykje sels wol sa folle mooglik ynformaasje te krijen mar binne fansels ek ôfhinklik fan in protte oaren dy’t ús ynformaasje troch jouwe. Dus hawwe jim wat te melden, mail ús. Ek fan de jeugd ferwachtsje wij dit jier wat mear.
En de klaaikeamer humor fan de mannen dy kinne wij allegear hiel goed. Mar hoe sit it mei de klaaikeamerhumor fan de froulju? Maile kin nei
dizze adressen.

De appel en de beam(3)
Ek by Romario falt de appel net sa fier fan de beam. Syn soan Romarinho makket like maklik goals as syn heit yn it ferline die. Wy witte net as hy like gek op froulju is as syn heit(klik
hjir).