Weppers moandei 11-8

Weppers snein 10-8
9 augustus 2008
Weppers tiisdei 12-8
11 augustus 2008

Trainingsbisten komme yn opstân
Juster melden wij noch dat it trainen fan SDS 4 en SDS 5 op 21 augustus begjinne soe. Dat is ûnderwilens feroare op oandrang fan it trainingsbist fan SDS…..Eddy de Boer, lieder fan SDS 5. Kommende tongersdei 14 augustus om 20.00 begjint it. En omdat Sipke der net is, sil Ids de lieding ha. Komme dus.

SDS-froulju en -famkes
De froulju fan SDS sille dizze wike ek wer foar it earst los. Neffens ús ynformaasje traine de famkes tiisdeitejûn foar it earst en de froulju woansdeitejûn.

Skelte, Jildert en Tsjalling
Dat wiene de trije doelpuntenmakkers fan SDS1 yn de wedstryd tsjin Bolswardia 1. SDS 1 wûn mei 3-0.

SDS 2 ferliest
SDS 2 hat sneon de oefenwedstryd itsjin Heerenveense Boys mei 1-3 ferlern. Sytze Kooistra makke by syn debút foar SDS 2 de goal foar SDS.

Twadde oefenwedstryd(1)
Tiisdeitejûn giet SDS 1 nei Drylts. Dêr spylje se harren twadde oefenwedstryd tsjin treddeklasser YVC.

Twadde oefenwedstryd(2)
Woansdeitejûn hat SDS 2 syn twadde oefenwedstryd. Sy spylje dan thús tsjin Bolswardia 2. Klaas Okkema siket foar kommende sneon noch in oefentsjinstanner om ’t SDS 2 dan frij is fan de beker.
Jûn traint SDS 2 om 20.15.

SDS 3
SDS 3 begjint woansdeitejûn foar it earst wer. Sy traine dan om 20.00. Sjoch hjir foar it hiele oefenskema.

Programma dizze wike
Kommende sneon giet it allegear wer los. It bekerprogramma foar in protte teams. Sjoch
hjir foar it folseine oersicht.
Jim kinne it programma fan alle wiken altyd fine bij
agenda.

61 jier
10 augustus 1947 is SDS oprjochte. Juster wie it 10 augustus. SDS: al wer 61 jier jong.

Feroaringen(1)
Wij hawwe dit wykein de feroaringen fan alle jeugdalvetallen trochkrigen. Dy moatte no allegear op de side oanpast wurde. Dat nimt wat tiid. A1 en B1 binne sa as it no liket klear. De rest komt fanne wike.

Feroaringen(2)
Mochten jim in oar tillefoannûmer of adres of soksawat krigen hawwe dan moatte jim dit efkes trochjaan by Koos Plantinga(klik hjir).

Foutsje
Op de webside fan LTC stiet dat sy in âlde bekende treffe yn de kompetysje; namelijk SDS út Hallum(??). Dit stie der op harren side te lêzen:
SDS uit Hallum:  Ook SDS is een oude bekende voor LTC, was de ploeg uit Hallum in het seizoen 2001/2002 nog een degradatiekandidaat. De ploeg degradeerde ook dat seizoen en had twee seizoenen nodig om weer terug te komen in de tweede klasse. Hoogtepunt was de promotie naar de eerste klasse in het seizoen 2004/2005. De ploeg degradeerde welliswaar, maar het zegt toch iets over deze ploeg die zich ontpopt heeft tot een zeer goede ploeg, die kansrijk is voor promotie naar de eerste klasse. Het afgelopen seizoen was de ploeg daar dichtbij, Eems Boys was helaas te sterk voor de formatie uit Hallum.
(mei tank oan Dirk de Jong)
(Ynmiddels is it al wat oanpast op harren webside, mar wy witte net as dit better is(klik hjir).