Weppers tiisdei 12-10

Weppers moandei 11-10
10 oktober 2010
Weppers woansdei 13-10
12 oktober 2010

Talinten fan SDS goed oplette !!!

 SNEON 23 OKTOBER

is it

MEINTE SIXMA TOERNOAI

It toernoai is foar alle F, E & D-pupillen.

Fan of 09:00 oere wurd er spile en it duorret oant 12:30 oere.

Fia jimme leiders krije jimme de kommende wike mear details troch.

Ik rop âlders en leiders op om mei te helpen om jimme talinten en de organisaasje fan it toernoai to stypjen!

Dus jou jimme op as frijwilligers bij Hans van der Schaar (schaarha@znb.nl).

Jeugdkommisje SDS

Wurd ek Freon fan SDS!
Yn it gûne-tydperk wie it de klup fan 100, dernei kamen de euro’s en waard it de klup fan 50, mar hjoed-de-dei hjitte se: Freonen fan SDS.
 Dizze klup is ûnderbrocht yn ‘e sponserkommisje en hat as doel om middels finansjele steun in bijdrage te leverjen oan SDS. Klik hjir om der mear oer te lêzen en ek “Freon” te wurden.

Wa wol hjir net hingje?

Útslach Rûnom Easterein 2010
It hat in tige slagge edysje fan Rûnom Easterein west hawwe wij begrepen. De folgende fytsers binne yn ‘e prizen fallen:
Topklasse manlju
1. Sytze Terwisscha van Scheltinga
2. Bertus Beckers
3. Sybrand van der Weij
Topklasse froulju
1. Immy Auck Kersbergen
2. Martina Ybema
3. Susan Altenburg
A-klasse manlju
1. Tsjipke-Klaas Okkema
2. Remco Bervoets
3. Robert Hoekstra
Dikke-banne-klasse manlju
1. Matthijs Postma
2. Jurre Zijlstra
3. Idsert Wijnja
Dikke-banne-klasse froulju
1. Pieta Zijlstra
2. Covos-froulju
3. Covos-froulju
Foar foto’s en in fideoferslach sjoch op:
www.henkbootsmafotografie.nl
www.stjoerder.nl.

Net folle SDS’ers sa te sjen yn de kopgroep.
(foto Henk Bootsma)

Kampioenskip

Wij sille it no mar bekenne. Beide wepmasters fuotballen sneon net om in bijsûndere reden. Ien die mei oan hiel bijsûndere
kampioenskippen en hij wûn mei it tapaslike apesturtsje yn it burd. De oare seach ta, want binnenkoart binne der ek sokke kampioenskippen foar langhierrigen.

WK-Bootcamp!
Moarntejûn kinne jim hjir de offisjele WK-Bootcamp-film foar it earst sjen (sjoch weppers moandei). Lis mar fêst in drûge broek klear.

Harsens derby (312)
Wat is “lóóóóóóóóóóóóóóóóóóóóós” eins yn it Frans?