Weppers moandei 11-10

Weppers snein 10-10
9 oktober 2010
Weppers tiisdei 12-10
11 oktober 2010

Utslagen en standen
De útslagen fan dit wykein binne al wer omsetten yn standen. Jim kinne
hjir sjen dat SDS 6 en E3 oan de kop steane fan harren kompetysjes.

Oefenwedstriid SDS 2 op tiisdeitejûn tsjin Heeg 1
Heeg aanvang 20.00  vertrek  18.30
Selektiespelers: 
Andries
Jort
Elger
Arjan los
Arjan post
Hendrik
Skelte
Sytse
Grytzen
Marten
Anne
Syb
Jansimon
Gerrit
Jeltep
Bauke
Graag afmelden bij trainer 0646090270
Graag zorgen voor voldoende autos
De rest van de B-selektie traint om 19.00 olv jan stenekes
Groeten
Johan faber

SDS 2 wint

SDS 2 wûn sneon foar de earste kear. Andries Brinksma wie ien fan de doelpuntenmakkers. (
foto Henk Bootsma)

Tefreden

SDS 1 krige sneontemiddei de hannen fan it publyk op elkoar. Tenminste yn de twadde helte. Master Philippus klapte doe omraak. (foto Henk Bootsma)

Dizze is foar…………….
Hjir sjogge jim Mirko Vucinic fan AS Roma dy ’t foar Montenegro freed de winnende 1-0 makke tsjin Switserlân. Wy sjogge in bepaalde spiler fan SDS dit ek noch wolris dwaan. Jim mei sels betinke wa……

“Deze is voor jullie, dames”

Rûnom Easterein
Juster wie alwer de 8e edysje fan Rûnom Easterein. Foar it earst yn jierren troffen sy it mar mei it waar. Wy binne benijd as der ek noch SDS’ers yn de prizen fallen binne. Mail de útslach nei
info@vv-sds.nl.

WK-Bootcamp!
Ôfrûne simmer gienen de mannen fan it Wommelser Kampioenskip op in spesjaal trainingskamp yn Kûbaard. Dizze “Bootcamp” waard filme om te sjen as der ek spilers ferzaakten en om te sjen wêr ’t spilers efentueel ferbetteringen (lês ôffalle) oanbringe moatte. Wy hawwe de bylden alfêst sjoen en kinne alfêst sizze dat it de muoite wurdich is. Sa seagen wy in (foar syn dwaan) fitte Eeltsje, pittige duels, “de schwalbe”, in Noord-Koreaanse warming-up, de ambysjes fan Henk, missers, in resolute skieds, in keeper, “de crossbal”, slingertik en noch folle mear. Jim sille noch efkes switte moatte, want it filmke is hjir woansdeitejûn foar it earst te sjen. Set it mar fêst yn de aginda.

Harsens derby (311)
“Ik bin Hoe Lang út Hong Kong en ik doch Maradona nei”: