Weppers tiisdei 11-11

SDS giet foar keunstgêrs!
10 november 2014
Douwe-Dirk Reitsma nimt ôfskie!
12 november 2014

Lokwinske

By dizze wol ik graach myn lokwinsken oerbringe oan al die minsken die de moed nea ferlern binne om in keunstfjild yn Easterein te krijen.

Foaral oan it bestjoer fan Skoalleseize omdat se undanks alle tsjinslaggen der altyd foar gien binne.

Ik hoopje dat dit succes oanlieding is foar in ieder om maximaal yn te setten en de skouders der under te setten.

Dat binne we neffens my sa went yn Easterein. 

In bliere (ex)foarsitter fan de Skoalleseize
Feike Jorritsma


Sint Marten
Y.f.m. Sint Marten traine SDS D3, E3 en E5 hjoed net.

Fuotbalje op de Poalsirkel?
As der SDS’ers binne dy ’t meidien hawwe oan in dribbelmaraton, dan binne der fêst ek wol SDS’ers dy ’t fuotbalje wolle op de Poalsirkel. Jim kinne der hjir
alles oer lêze en hjir noch mear ynformaasje fine.

SDS-hoodies foar froulju

Foar de famkes en froulju by SDS hat MUTA-Sport no spesjale SDS-hoodies ûntwurpen. Dizze binne te krijen yn de SDS-wepsjop. As jim se no bestelle dan wurde se begjin jannewaris levere. As de krystbeam dan wat langer stean bliuwt dan kin it der noch krekt ûnder.

Movember
As SDS dogge wy fansels ek wat mei Movember. Inkelde SDS’ers binne al drok oan it sparjen foar in krease snor. Dizze wike sille wy fêst de earste foto fan iets fan in snorke binnenkrije liket ús sa ta. Of miskien tongersdeitejûn yn de kantine!

Ek Chris Postma kin der sa by!

Stienkoal Ingelsk (6)
1. My mom is crazy on ice cream with lawyer………
2. I think there is an adder under the grass…….
3. I can ’t make there no cheese from…….
Is jim stienkoal Ingelsk ek sa goed?
Mail it nei info@vv-sds.nl!


Alderaardichst


Harsens derby(1369)
Somtiden krije je de bal der mei net in mooglikheid yn, mar wat wolle je ek mei 3 keepers………