Douwe-Dirk Reitsma nimt ôfskie!

Weppers tiisdei 11-11
11 november 2014
Weppers woansdei 12-11
12 november 2014

Nei 8 jier as foarsitter fan SDS hat Douwe-Dirk Reitsma ferline wike woansdei op de ledengearkomst ôfskie naam as foarsitter fan SDS.
Douwe-Dirk hat yn dizze 8 jier fansels fan alles foar SDS dien, mar wy kinne wol sizze dat ôfrûne moandeitejûn op it gemeentehûs yn Wommels syn twa hichtepunten byinoar kamen.
Bûten stie allegear SDS-jeugd yn de SDS-kleanlijn wêr ’t Douwe-Dirk sa foar striden hat en binnen waard troch de gemeenteried it beslút naam om it jild ta te sizzen foar it keunstgêrsfjild wêr ’t Douwe-Dirk him altiten hurd foar makke hat en in hiel soad tiid yn stutsen hat.
Twa dingen wêr ’t wy tige grutsk op binne en Douwe-Dirk tige tankber foar binne.

Douwe, tige by tige en wy sjogge dy fansels noch wit te faak op it sportpark en bliuwst tige belutsen by SDS as lid fan de SDS-keunstgêrskommisje en ferkeaper fan de SDS-klean.


Douwe-Dirk mei it wrâldferneamde SDS-klompke!