Weppers sneon 8-6

Weppers freed 7-6
6 juni 2013
Weppers snein 9-6
9 juni 2013

Midsimmercup 2013
Hjoed is der yn Dronryp wer de jierlijkse
Midsimmercup. SDS is der ek mei in ploegje hinne. Harren skema sjocht der sa út:
10.30 SDS – VVI
12.15 SDS – Futsal Cambuur
13.45 SDS – ZVF
Sjoch
hjir foar de hiele lotting.
Sjoch
hjir foar it wedstrydskema.
Wij binne benijd wa’t yn it doel stiet!

Efkes Balle
Bûnter selskip kin der hast net wer komme op it Efkes Balje spektakel as justerjûn.
Fansels wiene dêr de fêste leafhawwers lykas Klaas, Harrie, Pieter V, , Johan en Aant. Mar dat wie te min. Moai dat Harrie yn Itens bij de doarren lân west hie en sa rûgelen der bij him noch twa út de auto (Wytse ? en Bonne).  Moai dat Klaas soan Michael syn debút meitsje liet. Mar de ferrassing kaam út in hiele oare doaze: Elsa en Alice soene efkes balskoppe en sij wiene suver ferrast om ek mei te dwaan. En wêr’t froulju binne, binne ek jonges. Ut de stêd. Mei net út te sprekken nammen of net te ûnthalden kin ik better sizze.
Sa koe it los en it gie apart. Team “de oaren”skeaten alles rekke wat foar de fuotten kaam en team “wij” soargen foar de moaie kombinaasjes en de eachstrieljnde doelpunten.
It waard ek noch in ôffalrees: de froulju wiene de earsten  (en dat wie al gau) dy’t chille woene. De jonges holden it wat langer fol, mar bleaunen de froulju skerp yn de gaten hâlden. En foar de ein fan de tiid sieten ek dy al kapoet oan de kant. De âlderein en Michael holden it fol oan de twa beslissende doelpunten. De winner dat kin fansels mar ien wêze. Team “wij” mei frontman Pieter V. as goaltsjedief.
Nije wike feest yn Wommels, mar likegoed wurdt der Efkes Balle. Miskien mei noch wol mear man út Itens, want beide mannen skoarden op harren debút en dat die harren sichtber goed.

Aktiviteiten
Der binne fansels hjoed wer hiel wat mear aktiviteiten. No’t it fuotbal dien is, is dêr alle tiid foar. Je kinne bijgelyks fêst earne keatse, je kinne jûn nei it fierljeppen yn Winsum, je kinne jûn nei
Slachtepop, dêr’t soarch is foar fûgels en je kinne op ynternet team Van der Eems mei de sylboat “Sa Better” folge yn de Schuttervaerrace.
En…. net ferjitte. At jim Eddy de Boer sjogge skodzje him efkes de hân. Hij hat hjoed syn jierdei lykas miljoenen oare, mar dy kinne wij net.

Treffer
Bin je frege om in ferslach oer je team te skriuwen foar yn de Treffer dan kinne je dat moai dit wykein dwaan tochten wy sa.
Fan SDS 1, B1, D3 en F1 hawwe wy it ferslach al binnen.

SDS-Look-a-likes
Witte jim noch SDS’er dy ’t op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat liket mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei detreffer@vv-sds.nl

Dizze man liket fansels as 2 druppels wetter op Balotelli. 

Harsens derby(1045)
Mocht Hendrik de Jong hjoed keepe yn Dronry dan is it miskien wol in idee om syn Sorbo-bus as goal te brûken. Geheid dat hy dan gjin bal fleane lit:


Letter miskien mear!