Weppers snein 9-6

Weppers sneon 8-6
7 juni 2013
Weppers moandei 10-6
9 juni 2013

SDS op Midsimmercup 2013
Juster wie der alwer foar de 10e kear de jierlijkse Midsimmercup yn Dronryp. Troch omstannichheden moast SDS wat mei in oanpaste seleksje der hinne. Hendrik de Jong keepte en foar him stienen Feite de Haan, Wytze Lanting, Sicco Scheltema en de wepmaster mei it measte hier. Gjin wiksels dus.
De earste wedstryd mocht SDS tsjin VVI fuotbalje en wûn mei 2-1 troch in goal fan Wytze Lanting, knap keeperswurk fan Hendrik de Jong en de 2-1 fan Willem.
De twadde wedstryd mocht SDS tsjin (degradeard)Topklasser Futsal Cambuur. Ek dizze waard mei 2-1 wûn. Feite en Willem makken de goals.
Trochdat ZVF net opdagen kaam gie SDS as poulewinner nei de 8e finales wêr ’t sy Harkema/Opeinde troffen. De 1-0 foar Harkema wie wichtich, want hjirnei rûn SDS efter de feiten oan en koenen de Harekieten lekker kounterje. SDS bleaun hieltiten tichtby(2-1, 3-2), mar nei de 4-2 koe SDS it net mear kere en waard it úteinlik noch flatteard 6-2.
In útgebreider ferslach komt yn de nije Treffer.

Midsimmercup(2)
Leekster Eagles wûn by de mannen úteinlik it toernoai troch yn de inale mei 9-1 fan vv Sneek BOSO te winnen. By de froulju wûn Drachtster Boys it troch yn de finale mei 2-1 fan VIOD te winnen.

Ek Sytze sil fuort
Ek Sytze Kooistra sil SDS ferlitte. Hy giet rjochting de faam yn Limburg te wenjen en sil dan fuotbaljen gean by Sneins-4e-Klasser
RKvv BEVO út Beringe. Wy winskje Sytze alle súkses ta dêr.

Âld-Heerenveen wint
Op it 75-jierrich jubileum fan vv Arum hat âld-Heerenveen juster mei 5-0 wûn. Hooplik makket dit it seizoen foar in soad Feansters in bytsje goed…………..

Treffer
Bin je frege om in ferslach oer je team te skriuwen foar yn de Treffer dan kinne je dat moai hjoed efkes dwaan tochten wy sa.
Fan SDS 1, B1, D2, D3, E4 en F1 hawwe wy it ferslach al binnen. No de rest noch………

TOP’63 kin noch promovere
TOP’63 hat sneon mei 3-1 wûn fan SCN en kin noch altiten promovere nei de 2e-Klasse. Tiisdei sille sy dan winne moatte fan VHK út Sint-Jans Klooster(SDS net ûnbekend). Ek dizze wedstryd sil spile wurde yn De Blesse en begjint om 19.30.

Harsens derby(1046)
Nea witten dat dy yn Afrika ek hite bitterballen servere: