Weppers sneon 7-2

Seleksjes sneon 7-2
6 februari 2009
SDS A1
6 februari 2009

Kantine iepen
De kantine is fannemiddei om 15.00 oere iepen. Dan begroetsje wij SDS 3 dy’t mei in oerwinning werom komt ut Aldemardum. En at der wat kaarters binne, dan soene wij best efkes in pear boomkes lizze kinne. Dus kom at jim kaarte wolle.

Programma
Hjoed is der in lyts programma troch allegear ôflastingen. Wij binne benijd at de linen hjoed op it fjild moatte.

    útslach
14:30 SDS 1  – VHK 1  ôflast
12:00 SDS 2  – Staphorst 2   ôflast
12:15 NOK 2  – SDS 3  


Ôflast
Alle wedstriden yn Easterein binne foar hjoed ôflast. Dit soe betekenje dat allinnich SDS 3 hjoed fuotballet. Sy moatte út nei NOK. Wy hawwe noch net heard dat dit net trochgiet.

Oefenje (1)
SDS 1 sil oefenje yn en tsjin Balk. Om 13.15 fuort en om 14.30 fuotbalje. Wij ha begrepen dat it 0-2 wurden is.

Oefenje (2)
SDS 2 sil fannemiddei oefenje tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2 op kuenstgers. Hylke Schrale skille krekt en it kin wol wurde. SDS 2 fertrekt om 11.00 út Easterein en fuotballet om 12.00 yn Ljouwert.
De útslach kinne jim opfreegje bij Klaas Okkema

SDS League
Der wurdt hjoed net folle fuotballe dus in bult minsken hawwe genôch tiid om de SDS League efkes yn te fullen. Hy moat hjoed ynlevere wurde foar 19.00!!
Klik hjir foar de nijste spilerslist. Mail se nei info@vv-sds.nl of lever je team yn by Durk Okkema of Willem Wijnia.

Strike!!
Mocht it net trochgean genietsje dan efkes fan dizze Arabyske striker:


Letter mear!