Weppers sneon 4 -2

Weppers freed 3-2
3 februari 2012
Weppers snein 5-2
4 februari 2012

Programma
Der is dan wol gjin programma hjoed, der kin like goed wol wat op it programma stean.

E-klinik
De E-s klinnike. Fannemoarn om 9.00 yn de sporthal. Kâld om der te kommen mar binnen fêst lekker waarm

Sport 1
Ziggo hat Sport 1 as stjoerder fan de moanne. Dus hjoed en moarn moaie Ingelske potsjes sjen bij de waarme kachel.

SDS League
It is fansels prachtich waar om ûnderút hingjend yn de stoel je nije team foar de SDS League gear te stallen. Klik hjir foar it formulier.

Klaverjasse en pylkjegoaie
Dat kinne jim hjoed yn de kantine dwaan. Om 13.30 begjint it. De kachel stiet oan en der is waarme poeiermolke.

Iisbaan
Moai dat de iisbaan iepen is foar de reedriders. Moat te dwaan wêze bij -10 en matige wyn.

Sebeare
Wij tinke dat de Sebeare noch ticht is, mar wa’t net sûnder de Sebeare kin, kin altiten Sebeare noch opsette: miskien sjonge se foar dizze gelegenheid wol: “Wa stopt de snie” yn stee fan “Wa stopt de rein”.

Unttaaid
Wij hoopje dat de Fean fans nei justerjûn wer ûnttaaid binne. De thúsbliuwers wiene de ferliezers de hurdkûters wiene de winners. At se wer gefoel yn de fuotten, de earene en eagen ha dan sille se sjen dat se op it moaie fjirde plakje steane.

Roekrock
At it goed is sil de rock yn Weidum ús waarmte bringe. Der is in hertferwarmjend programma.

Lowlands
De foarferkeap is fannemoarn om 11.00 los gien op ynternet. Sil it slagje om kaarten te krijen? En wer komme je yn de wachtrij………. Om waarm fan te wurden…..

Harsens derby(677)
Puyol hat dúdlik ek lêst fan de kjeld: