Weppers freed 3-2

SDS League: Doch ek mei!
2 februari 2012
Weppers sneon 4 -2
3 februari 2012

De Blaauw
It is bûten kâld, je sitte noflik binnen en dan dûk je de boekenkast wer ris efkes yn. En dan sjit je yniens wat te binnen. Dat fuotbalplaatsjesboek fan Panini begjin jierren 80. Soe Jaap de Blaauw? Nee, fêst net. Of dochs wol? Sjoch mar ris yn dit boek:

Is it net in plaatsje?

Net oefenje
De oefenwedstryd fan moarn tusken SDS 2 en Woudsend 1 op it kuenstgers fan Snits giet moarn net troch.

Net oefenje (2)
SDS 5 oefent sneon net yn Makkum sa lit de menesjer fanôf syn fakansjeadres op Kurasou witte. “Te kâld” sa lit hij ús witte yn syn swimbroek fanôf it strân.

Kaarte

In berjocht foar kâldklommers, skythakkers, bangeskiters, kaartleafhawwers, pylkjesmiters en oar folk: Kommende sneon is der om 13.30 oere klaverjassen en darten yn de kantine. It soe moai wêze dat jim manmachtich komme. Ek hjir is poeiermolke oanwêzich.

SDS League
It formulier foar de twadde helte fan de SDS League binne klear. Jim meie jim teams ynleverje foar nije wike sneon 11 febrewaris om 19.00. Hjir is it it nije dielnameformulier.
It is mei dit waar al wat makliker om je team te meitsjen:
De Winter(GRA) komt fansels op goal, Zonneveld(NEC) komt der net yn, Vorstermans(VVV) moai efteryn, (winter)Schilder(NAC) hjir foar en foar de rest moatte jim it sels mar efkes útsykje.

Wa wol nei SC Heerenveen?
Ik heb 2 kaarten gekregen voor de wedstrijd Heerenveen-Roda !
Als het doorgaat heb ik 2 kaarten voor vak 429, je kan ze ophalen bij mij!
De lange baan 10
Wommels
0613933370
Johan Delfsma


Simmertoernoaien
Mei dit waar moat je der net oan tinke om bûten te fuotbaljen. Dan moat it al wat waarmer wêze. Miskien is
dit foar sommige teams wat foar de simmer, mocht de horrorwinter trochsette………..

Harsens derby(676)
As grinsrjochter binne je by tiden je libben net feilich(sjoch ek “harsens derby 675”). Sels net by penaltys: