Weppers sneon 28-6

Stân SDS EK-League 26-6
26 juni 2008
Weppers snein 29-6
28 juni 2008

Prizenjild
Moarntejûn kinne wy sjen wa ’t de winner wurden is fan de SDS EK-League. Om ’t der safolle minsken meidogge oan de SDS EK-League is de prizenpot aardich fuld. It sil as folgt ferdield wurde:
1e priis: €100,-
2e priis: €75,-
3e priis: €50,-
4e priis: €25,-
5e priis: €12,50
Poedelpriis: in SDS-taske

Bekeryndieling
SDS 1 hat in swiere “lotting” troffen mei de beker. Haadklasser ONS, earste klasser Blauw Wit en twadde klasser Broekster Boys binne de tsjinstanners. Sjoch hjir foar it
hiele oersicht.
Ek in leuke poule is dy fan BCV en de boys út de Trynwâlden, út Harkema en dy fan de Wetterpoarte.

Spyldata
De bekerwedstriden wurde spile op:
16 augustus : ONS 1 – SDS 1
23 augustus : SDS 1 – Broekster Boys 1
30 augustus : SDS 1 – Blauw Wit 1

Nijland – SC Cambuur

Wa moat winne?
It falt ús op, dat at de minsken it hawwe oer de finale foar snein dat se allegear, mar dan ek echt allegear sizze: “Ik hoop dat Spanje wint”. En sa’n útspraak wurdt altyd folge troch ynstemmend geknik.
Wij binne dochs wol benijd at er ûnder de SDS-ers ek guon binne dy’t er foar út doarre te kommen dat se foar Dútslân binne. Mail ús dat dan en lit derbij witte wêrom?
Mail it nei
info@vv-sds.nl

Pech
Hendrik de Jong hat yn syn fuotbalkarriëre al genôch blessures hân. In achillespeesruptuur hie hy noch net earder hân. Spitich genôch kin hy dy sûnt tongersdei by op syn list sette. It ienige foardiel wat Hendrik hat is dat hy de susters op de Spoedeisende Hulp yn Snits no hast allegear wol by namme kin. Wy winskje him betterskip!!

Twadde priis
It pealtsje fan Easterlittens is wer ferhúze nei Berltsum. Sij wûnen de finale bij it peloten fan Littens mei û.o. Feiko Broersma.

Lis…lisfyts
Sneon wie der in lisfytsevenement op de hurdfytsbaan yn Amsterdam en ek dêr wiene wij bij. Sommigen namen it allegear wol hiel letterlik. Bij in 20 minuten rees mei in gonkje fan 50 kilometer per oere rekke
alles op de houten flier. Gjin deaden en sels gjin verwûningen, útsein wat skaafwonden en splinters.

Lekke bân!
Spesjaal foar myn fyts dy ’t my 15 jier lang yn waar en wyn oeral brocht hat, mar tongersdei my (en Ate) net langer(pakkie)drage koe…………