Weppers snein 29-6

Weppers sneon 28-6
27 juni 2008
Foeke Reitsma wint de SDS EK-League!
30 juni 2008

SDS EK-League
Ôfhinklijk fan de útslach fan de EK-finale, dy ’t oer inkelde minuten begjint, komt de einstân fan de SDS EK-League jûn of moarn.

De poat omheech
Juster is Hendrik de Jong wer thúskaam út it sikenhûs. Syn achillespees is wer hiel en Hendrik hie ek noch in krâns. Ûndanks it útfallen fan Hendrik hie syn partoer tongersdei dochs noch de 1e priis wûn.

Hendrik seach der út as in echte kampioen en gie letter noch op de skouders yn it sikenhûs……….


Hendrik wie tige wiis mei syn krâns……….

Foar Dútslân…..
Wij hiene it hast wol ferwachte dat er hast net ien doart te sizzen dat hij of sij foar de Dútsers is jûn. Sels al levert dat jild op mei de SDS Ek leugue. Mar wij binne dochs bliid mei dizze reaksje. In reaksje fan de jongste generaasje. Soe it dan echt noch in kear goed komme?

Ik wol dat Dútslân wint, want ik fyn read net sa ’n moaie kleur…………
groeten,
Tom

en omdat Dútslân deselde kleuren hat as SDS…………

Net alle jongeren tinke der sa oer. Foeke Reitsma sjocht it allegear hiel oars. Mar ja, dy hat dan ek in finansjeel belang:

Spanje wint fansells wol fan dy moffen!!!
Omdat, ik dan 100 euro ha, einliks 85 want dan moat myn heit, mem en sussen in taart hawwe!
En tsja moast tajaan Spanje hat goeie spilers. 

Groetenis: Foeke Reitsma

Troud
Der binne fan dy SDS leden dy steane wol jierren op de list mar je sjogge se hast nea. Ien dêrfan wie Paulus Dijkstra fan earst Turns doe Nijlân. Hij trainde in inkele kear mei op tongersdei en it soe west ha kinne dat er sneons ek in kear balle bij SDS 4. Syn ôfwêzichheid hie mear te meitsjen mei de ôfstân. Hij wenne/wurke yn Vegegyhaza (mei hjir in dêr in streepke op in klinker). En dat leit yn Hongarije. Juster is hij dêr troud mei Sieuwke van Ruiten, earder út Wommels. 

Bert
Bert Maalderink de ferslachjouwer fan de NOS , de man dy’t mei leuke teksten leuke reportaazjes meitsje kin, wol der mei ophâlde. Hij wurdt net, neffens him sels stipe troch syn wurkjouwer, want it fuotbalwrâldsje hat wol wat krityk op him. Wat van Basten fan Bert fynt, sjogge jim hjir.

Mear?
Hawwe jim mear mail it nei
info@vv-sds.nl

Letter hjoed mear