Weppers sneon 25-6

Skoare en oersichten nei 36 wedstriden
25 juni 2016
Ek 1/8 finale
26 juni 2016
Efkes Balje
“Op een zonoverschoten sportpark in Wommels” sa hie dit ferslach begjinne kinnen. Dat dogge wij dus net. Oké de sinne wie der bij, it wie yn Wommels en it wie ek op in sportpark.
Nee, wij begjinne te fertellen oer de grutte opkomst, mar leafst 13 man hiene der sin oan. Dat kinne mear wêze mar Tjerk komt no ien kear út Heech en dan ha je wat mei boaten  en wetter en mei moai waar moatte je dy dingen kombineare.  Pieter komt út Easterein en Johan ek at er wat te fieren is. Dy beide sieten fannemoarn al yn “trichtich sûnder stjoerman” te roeien en sokken ha je der jûns leaver net bij.
De 13 waarden kreas mar ûngelyk ferdield yn in ploechje fan 7 “fanalleswat” en in ploechje fan 6 “blauen”. It wie in moaie gelykopgeande striid en hoe’t it ôfrinne soe yn dizze gearstalling sil nea dúdlik wurde. Dennis foel helaas út en dat betsjutte in transfer fan Theo nei blau.
It bleau moai gelyk opgaan mar fanalleswat bliuwt krekt in doelpuntsje foar en hope de klok fan healwei njoggenen te heljen mei in doelpuntsje foar.
Of it gehoar wurdt minder of der wie sprake fan oerkonsintraasje, feit wie wol dat de klok net heard waard.
Gelokkich kaam der ien op lêst op it idee om mar krekt te dwaan as wie it healwei njoggenen. Dy siet fansels bij de winners…., mar de wurgens wie al sa grut dat der gjin lucht mear wie om te protestearjen.
In koarte drinkpauze en de grutte finale.
It waard wer in oerwinning fan fanalleswat.
Blau: Ferry, Klaas, Dennis, Chiel, (Theo), Robin, Bonne, Dennis en…….
Fanalleswat: Wouter, (Theo), Menno, Folkert, Harry, Pieter V en Aant
Wij einigje dochs mar mei “Op het zonoverschoten sportpark in Wommels” , want dêr wiene de C’s ek wer lekker dwaande yn harren tariningspartij.
Aant
Grietzen
Foar Grietzen Broersma begjint wer in lange peroade fan herstel. Hij is tongersdei yn it sikenhûs holpen oan syn knibbel en de revalidaasje kin wol in moanne as 9 duorje.
Sterkte Grietzen
Net folle weppers?
Net folle weppers op de side en dochs in soad drokte foar de wepmasters. Der wurdt wurke oan in nije side.