Weppers sneon 23-1

Weppers freed 22-1
21 januari 2016
Weppers snein 24-1
23 januari 2016

Minnertsga 1 – SDS 1
Fannemiddei om 14.30 oere spilet SDS 1 yn Minnertsgea tsjin Minnertsga 1, dat 6-de stiet, mar op mar 2 punten fan koprinner Workum. De wedstriid is op keunstgers.
De tuskenstanden fan dizze wedstriid binne hopenlik te folchjen op
twitter. De seleksje fan SDS 1 stiet bij de weppers fan freed.

Gelegenheidskoach

Bij SDS 1 hat gelegenheidskoach Anne Brouwer de lieding. Frans Munsterman is fanwege sykte net oanwêzich.

Utslach
SDS 1 hat mei 2-0 ferlern fan Minnertsga 1. Beide doelpunten foelen yn de twadde helte.

Jûn
Altyd leuk en gesellich sa’n toernooi yn de seal foar senioren en A’s. Jûn fanôf 19.00 oere. Supporters binne ek fan herte wolkom en der is fuotbal op it skerm.
Fuotballers dy ’t harren net opjûn hawwe, mar dochs noch graach meidwaan wolle, moatte soargje dat sy 19.00 oere yn de sporthal binne.

SDS A1

SDS A1 hat hjoed oefene yn Wytmarsum. De tsjinstanner wie Balk A1. Neffens Friso Albada in goeie tsjinstanner, wie it in kreaze akkomodaasje en in goed keunstgersfjild

Butterfly
Yn Easterein kinne se sljocht op flinters. Foaral op dy iene. It orkest Butterfly. Omdat it noch net oan de feesten ta is , mar it ferlangen no al hiel grut is, is der in
Butterfly jûn yn de Tsjerne. Fanôf 20.30 oere.