Weppers snein 24-1

Weppers sneon 23-1
23 januari 2016
Weppers moandei 25-1
25 januari 2016

Foto’s út Minnertsgea
Yn
dizze fotoreportaazje kinne jim noch in stikje wedstriid belibje fan Minnertsga 1 – SDS 1.

SDS A1 hat oefene
SDS A1 hat juster op it keunstgers yn Wytmarsum oefene tsjin Balk A1. Dit gie harren net min ôf, want SDS A1 wûn mei 5-2.

SDS-sealtoernoai
It SDS-sealtoernoai 2016 sil net yn de boeken komme as it sealtoernoai wêr ’t safolle dielname wie dat der lju ôfbelle wurde moasten. As alle lju dy ’t beloofd hawwe folgend jier der wol te wêzen, mar der no net wienen, der dan wol binne dan soe edysje 2017 wolris sa yn de boeken komme kinne. No hawwe in man as 13 efkes noflik in oerke balle en dêrnei genoaten fan it fuotbal op it grutte skerm, in lyts gleske bier en fansels de prizen; hearlijke drûge woarsten fan Murk’s Slagerij. Eltsenien hie dit kear in priis!

20% koarting

Prachtich stik juster yn it AD oer de bruorren fan it Tsjerkhof, René en Willy. Tefreden sjogge se werom op it preemjestelsel fan doe.

Giet net troch
Wa ’t fannemiddei nei vv Oosterlittens – vv Oldeboorn woe, moat efkes wat oars betinke, want it giet net troch.

SDS’ers derop út!
Fannemiddei om 17.00 oere begjint Arsenal – Chelsea. Dat wurdt fêst in alderaardichste pot en mocht dit net sa wêze, dan kinne je moai de tribunes efkes ôfstrúne om te sjen as je Remco en Anco Bervoets ek yn it stadion sitten sjogge.

Harsens derby (1660)
Hatseflatse!