Weppers freed 22-1

Weppers tongersdei 21-1
20 januari 2016
Weppers sneon 23-1
23 januari 2016

It giet troch!
De KNVB hat besletten om it amateurfuotbal yn regio Noord moarn net ôf te lassen. VV Minnertsga hat witte litten dat it dan sawiesa trochgean kin yn Minnertsgea. Dat betsjut dus dat SDS 1 moarn los kin út tsjin Minnertsga 1 om 14.30 oere.

Giet net troch
Dat de KNVB alles trochgean lit wol net sizze dat moarn alles trochgiet. Waterpoort Boys 1 – Makkum 1 is yn elts gefal al ôflast.

SDS 1 oefene
Juster yn Sint Anne wie de oefenwedstriid Sint Annaparochie 1 – SDS 1. De seleksje fan SDS wie lang net kompleet troch blessures en dat fetaalde him yn in einútslach fan 8-0. De rêststân wie 4-0.

A1 oefent
Kommende sneon om 11.00 oere yn Wytmarsum de oefenwedstriid  SDS A1 – Balk A1.

Efkes net Balje
Ek hjoed is der sjoen de omstannichheden gjin Efkes Balje. Kening winter en lening teijwaar binne baas

Sealkompetysje
Moarn binne der yn de seal wer tal fan wedstriden yn it ramt fan de KNVB sealkompetysje. Sjoch
hjir hokker teams yn aksje komme.

Seleksje SDS 1 – Minnertsga
Moarntemiddei om 14.30 oere stiet de kompetysjewedstriid Minnertsga 1 – SDS 1 op it programma. De seleksje foar moarn sjocht der sa út:
Fuort: 12.45 by de Jimbar
Jaap, Wiebe, Hendrik, Feiko, Tjipke, Bauke, Erik, Grietzen, Teun, Jelmer, Dirk-Yde, Almar, Gerwin en Feite.

Sealtoernooi
Sneon om 9 oere hawwe de B en C junioren harren wintersealtoernooi yn de sporthal. Der dogge mar leafst 40 B- en C-junioaren mei!

Sealtoernooi (2)
Sneontejûn om 19.00 oere begjint it sealtoernooi foar “de grutten”. Dus foar senioaren, A-junioaren, sealfuotballers, âld-SDS’ers en oare lju dy ’t wat mei SDS hawwe. Jim kinne jim 
hjir opjaan. Dat kin foar it fuotbal wêze mar ek foar it helpen of supporterjen. Boudewijn Kramer en Hendrik Eringa hawwe harren al opjûn foar it neisitten.

Sealtoernoai (3)
Wylst it sealtoernoai moarntejûn dwaande is kin der op it grutte skerm sjoen wurde nei de Eredivisiewedstriden fan moarntejûn lykas Ajax-Vitesse en sc Heerenveen – Willem II.

Lokwinske!
Enne-Jehannes Bruinsma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

SDS’ers derop út!
Remco en Anco Bervoets sjogge dit wykein efkes yn Londen by Arsenal – Chelsea. Dat wurdt fêst de muoite wurdich!

Harsens derby (1659)
Dizze keeper hie yn it winterskoft better efkes oan syn technyk sleutelje kinnen………..