Weppers sneon 22-11

Programma 22-11
21 november 2008
SDS 5 weppers
22 november 2008

Hoe komt it hjoed?
Hast alle fuotballers binne frij hjoed. Yn Easterein is alles al ôflast. Wij jouwe mar efkes wat tips om ferfeling foar te kommen. Oare tips binne ek fan herte wolkom. Mail se nij
dizze adressen.

Tip 1: Drave

Om 10.00 kinne jim ynskriuwe bij it Reade Hynder yn Wommels foar de Slachterin. Dy begjin om 11.00 oere. 3, 6, 10 of 21 kilometer. It is mar in eintsje tochten wij sa.

Tip 2: Sinterklaas wolkom hjitte
Hij komt wer. Yn alle gefallen yn Wommels. At er ek yn Easterein oankomt is dat mooglik de nepklaas. Echt iets foar de leafhawwer mei bern.

Tip 3: Fuotbal sjen
Twente – Hearrenfean wurdt spile
om 19.45. Is dat miskien te sjen yn Jimbar?
Ha mannen,  
as der gjin kink yn de kabel komt, dan is de wedstryd absolut yn de Jimbar te sjen!
De kachel sil baarne, krekt as it fjoer yn de herten fan de SC Hearrenfean supporters.
Sjoerd
 
Forza! 
Hoi
De kink yn de kabel: de wedstriid is op kanaal 3 en dy is net yn Jimbar.
Groetnis
Sjoerd

Tip 4: No Rules

No Rules spilet om 22.00 oere yn it Dielshûs. Mei sang fan Antje Stenekes, fuotbalfaam bij SDS.

Tip 5: Wurkje
Is mar foar in pear bofkonten weilein! Sukses Willem!

Tip 6: Utgûle en op nij begjinne
De Cambuur supporters hawwe gelokkich nei it ferlies tsjin Telstar ek wat te dwaan: Utgûle en op nij begjinne.

Tip 7: De stêd yn
De reden wêrom in soad fuotballers op sneon fuotbalje is om ’t sy dan net op sneontemiddei mei de frou de stêd yn hoefe. As it ôflast wurdt is der gjin goeie reden mear te betinken om net mei. Wy ferwachtsje dat der fannemiddei wer in bult mannen yn it nij stutsen wurde.

Tip 8: Op jierdei
Hendrik Engbrenghof is jierdei! Fan herte lokwinske! Jûn hâldt hy syn feestje. Om ’t der fannemiddei net fuotballe wurdt kinne jim fannemiddei wol fêst efkes in stikje oranjekoek helje.

Tip 9: Oefenje op yngoaien
It is no 14.30 en it waar wurdt better. Miskien asen noch efkes op it fuotbalfjild fan Wommels oefenje op yngoaien: