SDS 5 weppers

Weppers sneon 22-11
21 november 2008
Weppers moandei 24-11
23 november 2008

It giet troch!
Wylst sneontemoarn de iene wedstriid nei de oare ôflast waard, sieten de feteranen fol ferwachting út te sjen nei harren ôflasberjocht út Ljouwert: It sil dochs wol ôflast wurde yn Ljouwert! Doe’t it tragyske berjocht op de side kaam dat it wol troch gie, koene de winterfuotbalklean opsocht wurde.

Opwarmje

SDS 5 hie in tige niijsgjirrige opwaarmer. Efkes trije minuten tsjin de knuffelmuorre oan…..

Gjin punten
SDS 5 helle juster gjin punten yn Ljouwert. Blauw Wit 8 wie in goeie ploech. De earste helte koe SDS noch wol reedlik meikomme, mar koe net foarkomme dat Blauw Wit op foarsprong kaam. Jappie kopte noch in kear op de latte en krige noch in iepen kâns. Oan de oare kant koe Klaas Kamstra ek waarm bliuwe troch in pear goeie dûkballen.
Yn de twadde helte gisele in flinke bui oer it fjild en Blauw Wit makke nei 25 minuten 2-0. Op dat momint wie it ferset brutsen en rûnen de gasthearen út nei 4-0. In tige sportive wedstryd.

Hast te min
Tongersdeitejûn 17 man op papier en sneontemiddei om 1 oere 13 man paraat. Bij SDS 5 sizze se dus te let ôf of bliuwe se samar fuort. Aant moast syn tas dochs noch ophelje. 

Giel
Jierren gjin kaarten bij SDS 5 en juster de twadde al. Jacob Plantinga wie de ûntfanger nei fêsthâlden.

Supporter

SDS 5 hie samar in supporter yn Ljouwert. Van der Valk, earder fan SDS, mocht yn de dugout plaknimme. Wij fuotballen úteinlik ek op syn eardere lân. Sjoen de temperatuur hâldt hij it in healoerke út.

Wa is dit?

It wie sneon kâld yn Ljouwert en alle winterklean wiene meinommen. Mar om no as strjitrôver it fjild op te gean is wol wat  folle fan it goeie. Jim kinne fêst wol riede wat dit is. Hjir moast er syn wanten noch oandwaan.

Woarst
Lieder Stoffel sei de mannen fan SDS 5 ferline wike in lekker blikje bier ta at sij winne soene. Oars soe hij se sels op drinke. Dat like net ien in goed idee ta, dus waard der wûn en rekken de blikjes op. Stoffel hie no twa woarsten mei. Hij sei der net bij dat hij se sels op ite soe at wij ferlearen. Wij snapten nei ôfrin wol werom.

Gehaktbal
It gehakballen team fan SDS 5 kaam sneon yn Ljouwert net yn aksje. Troch de iene tige aparte net echt smaakfolle woarst fan Stoffel (hij fûn him sels ek net te fretten) wie it net earlik om in bal te priuwen mei in ferpeste smaak yn de mûle. Johnny Leistra, dy’t bûten meidinging wol in gehaktbal priuwde,  fûn de woarst fan Stoffel lekkerder as de gehakbal. Dêrtroch hat it team  net hege ferwachtingen.

Filmkes
“Net wer nei al dy filmkes fan Ronaldinho sjen, Johnny”, sei Klaas Kamstra nei ôfrin tsjin Johnny Leistra, “want je probeerde dy bloopers wel heel goed na te doen”.  

Gjin wepper?
Foute boel, wij hiene hast gjin wepper oer Harm Auke, wylst hij wol meidie bij SDS 5. Mar gelokkich hie hij syn smoarge auto mei, dy’t altyd herkenber is.