Weppers sneon 2-7

Weppers freed 1-7
1 juli 2011
Weppers snein 3-7
2 juli 2011
Bewarnûmer Treffer
Binnen SDS binne in bult minsken alwer dwaande mei de tariedingen op it nije seizoen. Sa wurdt der ek alwer wurke oan it bewarnûmer fan de Treffer mei alle seleksjes en programma’s en sa. Foar 10 july moat alle kopij binnen wêze sadat dizze Treffer foar de grutte fakansje útkomme kin. De foarsitter hat it goeie foarbyld alfêst jûn en as earste syn kopij ynlevere. Wy hoopje de rest ek gau binnen te krijen. Mail jim stikken sa gau mooglik nei
DeTreffer@vv-sds.nl!

Materialen inleveren
It docht bliken dat inkelde lieders mar min harren spullen ynleverje by Klaas de Haan. Dêrom hjirby nochris in oprop:
Willen de leiders en trainers die nog in het bezit zijn van SDS – materialen zoals coachjassen, sleutels, shirts, ballen, waterzak, biddons etc. deze inleveren of contact opnemen vóór 18 juni a.s.  bij/met Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.
Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. SDS.


Min berjocht
Tongersdei foel Jan Mulder út op it WK en gie juster nei de dokter. Dit wie de útslach:
Na onderzoek bij de dokter is de gebleken dat het WK voor mij voorbij is, en ik minimaal 6 weken rust moet houden.
Jan

PC-kaarten socht
Lykas elk jier siket Sjoerd van Beem ek dit jier wer om 2 PC-tribunekaarten. Wa kin him helpe?
Wa kin my oan 2 tribune kaarten foar de kommende PC helpe?
Alfêst bedankt foar de meiwurking (ek fan us mem, nee net dy ko!)
Groetnis, Sjoerd van Beem.


Wommelser Kampioenskip 30 juni 2011

Nei de rustdei fan ôfrune mandei ferskynde iederien fit oan it WK. Senuweftige kopkes dizze jûn, measten krije steeds mear it besef dat it Bootcamp en de finale tichterbij komme. De neadsaak om yn foarm te kommen wurd dermei steeds belangriiker..

Wat foel der dizze edysje fan it WK op?;

– Willem W. luts de sprint fan syn libben

– Jelmer P. wederom in prima WK, mar fersjit der syn krûd net te betiid?!

– The Black Pearl kin compleet net omgean mei de winnende goal stress.

– Remco B. makke syn debuut dit seizoen en tsjinne dermei ek metien it fersiik yn om in senioren WK op te richten.

– Bram van B. fungeerde foarnamelijk as boskwachter…ja, it bosk yn..

– Sytze H. striemin.

– Debuut van Jildert H., Remko H., Gert-Jan H., Remco B. en de Strub

– De striid tusken de landmacht(Gert Jan H.) en de luftwaffe(Arjen P.) waard beslist yn it foardiel fan de landmacht.

– Jan Bulder earste slachtoffer fan it WK mei in ferdraaide knibbel. Gelokkich koe syn krat bier ferkoeling jaan. Proost en betterskip Jan!

– Chris P. sjocht syn soan Johan P. groeien yn it WK en straalt dit mei gepaste trotshied út.

– Eeltsje Sikke al 4 kilo kwyt.

– Ate F. de B. is in minne dweil

– Arjen P. wederom mear ballen rekke mei syn skynskonkers dan mei syn skuon.

– Hendrik E. hat mear kubieke meter switten as meters ôflein

Team Wyt

Eeltsje Sikke, Johan P., The Black Pearl, Hendrik E., Jelmer P., Gert Jan H., Jildert H.

Team Gekleurd

Jan B., Sytze H., Willem W., Bram v B., Remko H., Remco B, de Strub en Arjen P.

In weergaloas team Wyt. Alles lukte en der waar al snel in foarsprong makke. Team gekleurd hie mei in man mear in protte moeite mei it sakkepoef fuotbal fan team Wyt. Neidat Jan Bulder blesseare fan it fjild moest troch in drukje fan Jelmer P.(David tsjin Goliath) kaam der nog mear rûmte foar team Wyt. De wedstriidwaard eindigd op in stân fan 6-2. Tiid foar de winnende goal. Team Wyt begon te lakoniek oan de striid fan de winnende goal, team gekleurd stie hjir compleet oars yn en oefende suver druk ut op de ferdediging fan team Wyt. Nei in moaie lange pass fan Remco sr. joech Arjen P. him knap foar oan de Strub die him netsjes yntikte. Knap debuut fan de soan fan dominee wer je stiekem dochs altyd ôffreegje of der net mear krachten rûn san jongen spylje. Oankommende moandei is der wer in spetterende sjo! 20:00 op it skopfjild te Wommels.
Nimmes it WK Bestjoer,

Alg.stat.dir.gen. H.K. Engbrenghof

Harsens derby (508)
Dizze fan fynt it om te gûlen: