Weppers freed 1-7

Weppers tongersdei 30-6
30 juni 2011
Weppers sneon 2-7
1 juli 2011

Goed nijs
Jelmer Posthumus en Jan Mulder witte ús te melden dat sy der yn slagge binne om in seizoenkaart by Ajax te krijen en hjir tige wiis mei binne.

Min nijs
Justerjûn kamen Jelmer Posthumus en Jan Mulder lichtelijk mei mekoar yn botsing op it Wommelser Kampioenskip. Hjirby gie Jan troch de knibbel en moast ophâlde mei fuotbaljen.

Moai nijs

Foarút rinnend op it ferslach kinne wij no al melde wa’t it winnende doelpunt makke hat justerjûn op it WK.


Transfernijs(9)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-PSV El Hamdaoui ek al net hoecht
-AS Roma hielendal net yn Amsterdam west hat om Stekelenburg op te heljen
-Van de Brom no wol wer nei Vitesse giet, mar sels ta de bûse moat
-Tottenham, Arsenal en Atletico Madrid Stekelenburg ek wol hawwe
-Derijck net nei FC Utrecht giet
-Aguero heechstwierskynlik nei Juventus giet
-SC Heerenveen om ús Toornstra wol helje mei

Hichtepunt
Foar Itens en wide omjouwing is it sneon wer ien fan de hichtepunten. De earste klasser (keatsers) komme op besite. En der prykje samar 7 SDS-‘ers op
de list. Wij tinke dat ien of sels twa mei de krânse thús komme. Wij tinke it net allinne, wij rekkenje der op. Of noch better: wij geane der fan út. Of noch oars sein: it soe ús ferskriklik ôffalle at it net sa wie.

Burger King
It hat dochs noch ergens goed foar west dat Johnny van de BurgerKing by Feyenoord spile hat (klik hjir). 

Efkes in flinke opkikker yn de rust

Harsens derby (507)
Dizze spits kin dúdlik net hurd genôch foar de bal wei komme, mar mist úteinlik dochs de goal: