Weppers snein 8-3

Ut en ferslaggen 7-3
5 maart 2015
Weppers moandei 9-3
8 maart 2015

Mei de bus!
Kommende sneon moatte sawol SDS 1 as 2 út nei Sint Jut om 14.30 te fuotbaljen tsjin DWP. Dêr kinne sy dus moai yn de bus hinne. Ien en oar moat noch efkes regele wurde, mar dat komt hielendal goed. Jou je mar fêst op fia info@vv-sds.nl Fol is fol!

Op skerp
De kompetysje is ek foar SDS 4 wer begong. It moast noch wat op gong komme allegear want der wiene suver te min fuotballers. Wij hawwe gjin fuotbalaktiviteiten yn de winterstop waarnimme kinnen fan de hearen, op in inkel âldjiersdeiwedstriidsje nei en op in inkele spiler nei sa as leafhawwer Klaas van der Weg, dy’t him ek graach sjen litte mei op it Efkes Baljen.
Grutte ferrassing freed op it Efkes Baljen wie dochs wol Harm Auke, dy’t him foarôf ôffrege at it ferstannich wie freed ek mei te dwaan.
Ja dus, it selsbetrouen is groeid, hij skoarde freed oan de rinnende bân en sneon skoarde hij ús ek.

Fender
Gerrit en Geartsje Flisijn hawwe ferline wike in lyts jonkje kirgen; Fender. Dochs aardich dat Gerrit syn soan ferneamd hat nei ien fan syn meispilers fan SDS 2; Jesse fen der Weide!

Fan herte lokwinske!
Lourens van der Pol is ôfrûne wike 18 jier wurden. Noch fan herte lokwinske. Spitich dat hy juster syn earste kratsje bier-jild lyk kwyt wie oan in giele kaart by SDS 2.

Geloksdei!
Thiadmer Agricola fan SDS E3 hie juster syn geloksdei. Yn Makkum fûn hy foar de wedstryd tsjin Makkum earst in muntsje fan 10 eurosint. Efkes letter ek noch ien fan 20 eurosint en syn dei koe al net mear stikken doe ’t hy ek noch in échte ien gûne-munt fûn. Fansels skoorde hy ek en wûn SDS E3 mei 6-3. En dy goal betsjutte dus ek dat hy justerjûn patat iten hat. Hoefolle gelok kin je wol net op ien dei hawwe?

Tuskenstân
Op dit stuit rint de Poiesz jeugd aksje. Yn Skearnegoutum wurde de munten fan SDS fersammele en dit is de tuskenstân dêr. Kommende sneon 14 maart in spesjale aksje fan SDS yn Skearnegoutum.

sc Bolsward
Oer twa wiken moat SDS thús tsjin sc Bolsward. Altyd in aardige streekderby. Mocht trainer Munsterman ferlet ha fan ynformaasje dan kin hij him wende ta Appie Posthumus, Rients Smit, Anne de Boer of Lolke/Aant Hofstra. Sij stiene sneon yn Boalsert te skouten bij de wedstriid tsjin Tonego.

Mem

Sneontemoarn in moai opfallend sjurt fan Christel Andringa út Reahús, mem fan trije fuotbaljende jonges bij SDS.
“Kado krigen fan de trije jonges” sa liet se ús witte…..


…en dy trije jonges woenen wol graach efkes mei mem op de foto oan de bar yn de kantine.
Fan links nei rjochts: Sjoerd (mini-league) Ruerd (D1) en Tjerk (E1)

Harsens derby (1449)
Dit is pas in keeper!

L’arrêt de Mandanda en plein interview… door tuxboard