Ut en ferslaggen 7-3

Weppers freed 6-3
5 maart 2015
Weppers snein 8-3
7 maart 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

09:00 SDS D1 Oudega/HJSC D1  2-1
09:00 SDS E1 Scharnegoutum E1  5-6
09:00 SDS E4 RES E4  3-1
10:15 SDS F2 Walde De F2G  1-2
10:15 SDS MD2 SWZ Boso Sneek MD1  0-5
10:30 SDS B1 Leovardia B1  0-3
11:15 Minileague    
12:30 SDS VR1 Oosterlittens VR1  2-1
12:30 SDS MD1 Beetgum MD1  6-1
14:30 SDS 5 Heeg 3  0-1
09:00 SWZ Sneek D4 SDS D2  3-0
09:00 Balk F2G SDS F1  0-8
09:15 Makkum E2 SDS E3  3-5
10:15 IJVC E1 SDS E2  7-1
10:15 ONS Boso Sneek F5 SDS F3G  0-3
10:15 LSC 1890 E11 SDS E5  7-4
10:30 SC Bolsward A1 SDS A1  3-3
10:30 ONS Boso Sneek C4 SDS C2  5-1
11:15 Annaparochie St. B2 SDS B2  1-3
12:10 Oosterlittens VR2 SDS VR2  g.n.t.
13:00  IJVC-Blauwhuis D3 SDS D3  1-1
14:30 Delfstrahuizen 1 SDS 1  2-0
14:30 Franeker SC 2 SDS 2  2-0
14:30 Blauw Wit ’34 8 SDS 4  1-2

SC Franeker 2 – SDS 2
SDS 2 koe de koprinner lang byhâlde en hong tsjin in stuntsje oan mei twa ballen op de latte by de Frjentsjerters. De Frjentsjerters skoorden úteinlik yn de 85e en 88e minút 2 goals en wûnen terjochte.

sc Bolsward A1 – SDS A1
Gisteren de wedstrijd tegen Bolsward, op voorhand al een “lastig” potje, de boys kennen elkaar van school, werk, of weet ik veel hoe, maar dat het anders is dan de meeste wedstrijden is wel duidelijk.
Bij winst kunnen we ons bijna zeker “veilig” spelen voor nog een seizoen 1e klasse, iets wat met het oog op de volgende lichting A’s zeker nodig is.
Het begin was lastig, niet veel kansen, veel balverlies bij beide ploegen dus een rommelige wedstrijd, waar niet alleen de 2 ploegen debet aan waren, maar zeker ook de scheidsrechter, die zo nu en dan zeer vreemde beslissingen nam….
In de 10e min kwamen we op een 1-0 achterstand.
Daarna bleef het onverzorgd, onrustig voetbal met hier en daar een mooie actie, maar gevaarlijk werden beide ploegen niet en de beide keepers hadden weinig tot niets te doen.
Tot aan de 40e min, een lange bal van achteruit wordt door Wiebe knap door gekopt, en Almar kon de bal op snelheid inschatten en eigenlijk de eerste echte kans beheerst afronden. 1-1.
Vlak voor rust kregen we een corner, die door Foeke knap werd genomen, precies op maat en Wiebe kopte hem prachtig binnen.1-2.
In de 8e min 2e helft krijgen we een vrije trap, Lourens neemt hem en schiet hem hard en scherp voor de goal, de mee opgekomen Jurjen tikte hem beheerst binnen, 1-3.
Binnen 2 min bracht Bolsward de spanning terug door de aansluitende 2-3 te maken.
Bolsward ging natuurlijk op jacht naar de gelijkmaker, en daardoor kregen wij erg veel ruimte maar wisten we daar geen gebruik van te maken.
Soms zit het mee, soms zit het tegen, helaas voor ons werd het de tweede, Bolsward maakte vlak voor tijd de 3-3.
Achteraf een terechte uitslag, al is het jammer dat we de 1-3 voorsprong niet hebben kunnen vasthouden.
Bolsward is door deze uitslag niet ingelopen, dus staan we nog steeds aan de goede kant van de streep, er komen nu een paar “stevige” potjes aan, en alle concurrenten krijgen we nog, dus hebben we het in eigen hand.
Volgende week om 14.30 thuis tegen de nr 2.
Boudewijn

Blauw Wit ’34 8 – SDS 4
Nettsjinsteande it surplus oan technyk en traaptechnyk binnen SDS 4 wie fuotbaljen lestich troch de hurde wyn. It hie 1-1 wêze moatten mar at je Harm Auke dit wykein yn de ploech ha dat witte je dat 2 stellen punten der ek noch ynsitte. Dus foel de 1-2 yn de lêste minút.
Doelpuntenmakkers Harm Auke en Douwe.

SDS B1 – Leovardia B1
Zaterdag 7 maart speelde SDS B1 tegen Leovardia B1.
Leovardia was de koploper, dus dit beloofde een moeilijke pot te worden.
Om half 11 klonk het eerste fluitsignaal en dat betekende dat we waren begonnen.
De eerste minuten kon SDS erg goed meekomen met Leovardia, en er was totaal niet te zien dat Leovardia 20 punten boven SDS stond.
Na ongeveer 25 minuten viel de eerste goal aan de kant van Leovardia, 0-1. Hierdoor kregen zij iets meer vertrouwen in hun spel en gingen ze wat beter spelen.
Na de rust, viel binnen 1 minuut de tweede goal voor Leovardia, 0-2.
Na nog wat minuten gespeeld te hebben viel uiteindelijk ook de 0-3.
In de laatste minuten creëerde SDS nog een paar kansen, maar dar kwam JAMMER GENOEG niks uit voort.
Eindstand: 0-3.
Piter van der Pol

SDS D1 – Oudega/HJSC  D1   2   –  1 
Hjoed koene we einliks wer balje nei de winterstop. De tsjinstander wie Oudega/HJSC D1. Ofrune tongersdei waard der hiel goed en skerp traint, dus de mannen moasten der klear foar weze. We misten Sander, hy lei siik op bed mei koarts. De earste helte waard behoorlik fuotballe. SDS de bettere ploeg, mar ek Oudega/HJSC hie in behoorlik fuotbaljende ploeg. Dochs kamen we fertsjinne op foarsprong troch Stan ut in korner fan Luka. Yn ‘e rest hiene we ofpraat om sa gau mogelik de 2-0 te meitsjen. Dit barde net. De twadde helte wie it fuotbal derut, ek mede troch in blessure fan us spulferdieler Luka. It wie dan ek net unfertsjinne dat Oudega/HJSC healwei de twadde helte op 1 – 1 kaam. Nei dizze lykmakker kaam it besef wer dat der in stapke by moast om noch 3 punten te pakken. It waard wat unfreonlik, mei nammen by de lieders fan Oudega/HJSC. Dochs lieten us jongens harren net gek meitsje en twa minuten foar tiid makke Stan de winnende goal. Grutte bliidskip by us en fansels terloarstelling by us tsjinstander. Miskien kriigen we hjoed mei 3 punten wol iets tefolle, mar we binne der net minder bliid mei. Nye de wike de kreaker tsjin Skearnegoutum D1. Mei dizze mannen ha we noch wat rjocht te setten, nei it ferlies yn ‘e beker.
Theo
.

SDS VR1 – Oosterlittens Vr1
Der hat in tiid west dat Ooosterlittens öppermachtich”wie mei it frouljusfuotbal ten opsichte fan SDS. Mar de twiit fan sneontemiddei seit:
SDS Vr 1 wint wederom van Oosterlittens. Deze keer met 2-1. Doelpunten fan Jeska en Tjitske

LSC E11 – SDS E5 (7-4)
Hjoed de earste wedstriid nei de winterstop. Mei in pear lytse wiizigingen yn it team hiene wy der hjoed alle fertrouwen yn. De earste tsien minuten wie fan ús kant matig en d’r wie hjir en dêr wat irritaasje en gezeur op elkoar en op de tsjinstander. Hjirtroch kamen wy dan ek yn dit skofke tiid al op 3-0 efterstân. Dat befoel my net en ha gelyk de twa spilers dy’t it betrof mar efkes op wiksel setten. Gelyk wie it spul better en kaam der striid yn’t spul. Al gau wist Mare nei in moaie counter de bal koelbloedig yn it net fan de tsjinstander de skoppen. Gelyk stiene wy folledig op skerpte. Der waard echt goed fuotballe. Net alle passes kaamen goed oan, maar it waard wol besocht om de romtes yn it fjild te siekjen. Troch in hoekskop fan Milan tikke de keeper fan LSC de bal yn it eigen goal 3-2. LSC skrok der fan en de coach fan hun wie net blij. Dit wie ek de ruststân. Heerlik yn de lijte en it sintsje krigen wie op de veranda fan de kantine drinken. De twadde helte begûn gelyk sterk en Milan wist al gau op prachtige wize de 3-3 te meitsjen. Goed fuotbal en kânsen fan beide kanten makke it in oantreklike wedstriid. Toch wie LSC krekt efkes sterker. Mei name foaryn, mede troch goeie bal oannames. LSC makke d’r 5-3 fan. Wy makken der 5-4 fan. En doe LSC ,troch in ferdiedigingsfout by ús, de 6-4 makke wie it by SDS in bytsje dien. De lêste fiif minuten wie fan ús kant dan ek swak. Hjirtroch krigen wy ek noch de 7-4 om de earren. Op de earste tsien minuten en de lêste fiif minuten nei ha ik in oantreklike wedstriid sjoen. Ienige smet op dizze wedstriid wie de skeids dy’t tot trije kear ta in overdúdlike handsbal net ôffluite. Út ien dêrfan foel ek nog in tsjingoal. Jammer! Sels de coach fan LSC wie dêr net echt oer te sprekken. 7-4 ferlen! Mar ik bin wol bliid da’t wy wer skoare kinne.
Dat skorte d’r flak foar de winterstop nogal ris oan. En….. wer fjouwer keunstgêrseuro’s fertsjinne. Dat set de stand op 39 euro!!!

Herman

Efkes Balje
Op 18 maart meie wij nei de stimbus foar provinsjale en wetterskipsferkiezingen. Wij meie mar leafst twa kear ús stim útbringe. De útslach fan de stimming dêr giet it om mar de politisi lizze de klam fan te foaren en nei de tiid foaral ek op de opkomst.
At de opkomst 18 maart it persintaazje hellet fan it Efkes Baljen, dan hawwe wij allegear tefreden partijen. 
Hjoed op 7 maart begjint it twadde part fan de kompetysje wer, mei kânsen op in kampioenskip yn maaie. Der sil alle sneonen wer striden wurde moatte foar de trije punten. Ferlieze is gjin opsje en gelykspylje is gjin doel.
It Efkes Baljen fan juster wie te fergelykjen mei in suksesfolle ferkiezingsdei en in suksesfolle kompetysjestart.
Hast in 100 prosint opkomst en in striid op libben en bloed.
De koalysje (mei hesjes) moasten sa as it yn de polityk ek is, de earste set dwaan en de linen útsette.  Sij diene dat mei faasje en de opposysje stie der bij en seach de efterstân mei 3-0 mei ôfgrizen oan. Mar in opposysje hat it altyd makliker, sij reagearren dan ek fúleindich. Der wiene gjin sprake fan gedoge, nee it like der mear op hoe kinne wij se sa gau mooglik ta fal bringe. En dat wie letterlik en figuerlik.
De koalysje stie op springen en in 8-3 efterstân waard yn de grutte partij noch werombrocht ta 8-5. De opposysje hie de earste klap útdield.
De 20.30 finale om de lêste twa doelpunten duorre lang, hiel lang en it like der hast op dat it de nacht fan it Efkes Baljen wurde soe.
Mar gelokkich wie dêr opposysje-oanfalslieder Harm Auke Dijkstra. Hij makke him en hij wist net hoe gau hij thús komme moast om snútboek bij te wurkjen. Sa is de opposysje no ien kear….
De oare 18 praten noch efkes nei, of hiene se krekt net 80 minuten tsjin oerelkoar stien.
Koalysje: Klaas, Marco, Wouter, Bram, Pieter, Folkert R, Aant, Theo, Johan
Opposysje: Harm Auke, Pieturrr, Tjerk, Ferrie, Harry, Bonne, Bertus, Almar, Sipke, Remco
Nei dizze jûn kinne wij noch best in oprop dwaan om foaral kiezen te gean op 18 maart mar foar it Efkes Baljen dogge wij gjin oprop mear. Leaver minder as mear om sa mar te sizzen. En sa sitte wij wer op it tema fan de ferkiezings: Minder Den Haach, mear Fryslân.
Aant