Weppers freed 10-5-2024

Programma freedtejûn
8 mei 2024
Sneon 11-5-2024
10 mei 2024

Bekerfinale

SDS/Nijland JO14-1 hat him lêsten pleatst foar de bekerfinale. Dizze sil plakfine yn Hollandscheveld op sneon 1 juny om 10.00 oere. SDS/Nijland JO14-1 mei it dan opnimme tsjin ST VAKO/Tynaarloo JO14-1.

sv Oosterwolde 1 – SDS 1   (15.00 oere)

Om de teoretyske kâns om net streekrjocht te degradearen te benutten soe in 0-6 oerwinning of noch grutter it doel wurde moatte faor SDS 1.
Alle wedstriden yn 3A begjinne hjoed om 15.00 oere, dus dizze ek.
12.30 oanwêzich
12.45 bespreking
13.00 fertrek
De seleksje: Jaap, Luuk, Remco, Gerwin, Jelte-Pieter, Niels, Robin, Gerbrand, Wierd, Ate, Lourens, Bauke, Sietze, Jelmer, Stan en Mark.

SDS 2 – FVC 2   (14.30)

Neist SDS 1 hat ek SDS 2 de reade lantearne. Tsjin FVC 2 meie se besykje it oantal punten op 13 te bringen.
De seleksje:
1 Ewout
2 Tom
3 Redmer
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Lieuwe
8 Wessel W
9 Steven
10 Jurjen
11 Wessel S
12 Arjen
13 Anne
14 Niels Janssen,

SDS 3 – Waterpoort Boiys 5  (g.n.t.)

SDS 3 hat nei 18 wedstriden 18 punten. Se hawwe 35 doelpunten makke. In gemiddelde fan twa per wedstriid soe moai wêze, dus foarspelle wij in 3-2 oerwinning.
Spitich genôch hat SDS 3 mar 7 man en dan falt it tsjin om te baljen…..
De wedstriid giet dus net troch……

Oeverzwaluwen 3 – SDS 4    (14.30 oere)

SDS 4 hat er de lêste wedstriden fan alles oandien om net yn it lofterrychje te einigjen.  Mei noch twa wedstriden te gean soe dat samar slagje kinne.
De seleksje: Jelte, Jan-Simon, Jildert, Mark, Robert, Willem, Ronny, Sije, Tjeerd, Kerst, Gjelt, Wiltsje en Aiso.
Daan flagget.
De seleksje fertrekt om 13.20 oere út Easterein.

Koachjassen ynleverje

De SDS-koachjassen kinne de lieders sneon 11 en 18 maaie ynleverje yn de bestjoerskeamer.

Pannakoai is ticht

De pannakoai is hjoed foarsjoen fan in krease kleur op de flier. Hjir wie it earder te wiet foar. It betsjut al dat de pannakoai dit wykein ticht is. Moandei kin der wer folop brûkt wurde.

SDS-slotfeest


Op sneon 18 maaie, nei de lêste thúswedstriden by de senioaren, sil it SDS-slotfeest yn de SDS-kantine as moaie ôfslúter fan it seizoen plak fine.
Nei de wedstriid SDS 1 – Nijland 1 en SDS 4 – TOP 2 kinne wy ûnder it genot fan in hapke en in snapke en DJ Pitward (âld-SDS’er Yward Zijlstra) it fuotbalseizoen sa moai mei syn allen ôfslúte.

It opjaan foar de pizza’s kin hjir. De kosten hjirfoar binne €10,-. Frijwilligers fan SDS kinne fergees mei-ite!

Mei freonlike groet,
De Feestcommissie

Voetbaletappe

Dizze mannen fan Voetbaletappe wienen juster by SDS. Sy reizgje op de fyts troch it hiele lân om fuotbalklups te besykjen. Op harren Facebokside diele se harren befiningen. Sjoch hjir.

Arno en André fan Voetbaletappe

Harsens derby (2249)

‘Tikkie werom, Jaap’……….