Weppers moandei 9-3

Weppers snein 8-3
7 maart 2015
Weppers tiisdei 10-3
9 maart 2015

Mei de bus!
Kommende sneon moatte sawol SDS 1 as 2 út nei Sint Jut om 14.30 te fuotbaljen tsjin DWP. Dêr kinne sy dus moai yn de bus hinne. Ien en oar moat noch efkes regele wurde, mar dat komt hielendal goed. Jou je mar fêst op fia
info@vv-sds.nl Fol is fol!

Freed 13 maart sponserjûn mei Erwin Zeinstra
Kommende freed 13 maart is de sponserjûn fan SDS mei wrâldferneamd assistent-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Foar dizze jûn binne alle stipers en alle Freonen fan SDS útnoege en leden fan de OVWE. It wurdt in enerfearjende jûn mei allegear nijsgjirricheden út it betelle fuotbal sjoen fanút in oar perspektyf as dat wy wend binne.
Ek alle skiedsrjochters fan SDS binne wolkom!
Jou je sa gau mooglik op fia
info@vv-sds.nl, want fol is fol.
Erwin sil woansdfei flagje by de topper Chelsea – Paris Saint Germain.

H
eale finale
Wij krije troch de dat famkes fan MD1 no yn de heale finale fan de beker sitte.

Keeperstrainen
Tongersdei wolle we wer mei keepertraining fan de jeugd los fan 19 tot 20 oere
Theo en Marco

Topskoarderslist
4 doelpunten dit wykein dy’t yn de topskoarderslist ferwurke wurde moatte. Dat is wol wat minimaal en wij soene it wol in wykje útstelle kinne fanwege oare drokte, mar in freonlike fraach fan ien fan de doelpuntenmakkers hat ús besluten dien om it gelyk mar bij te wurkjen, sadat hij elkenien der mar op wize kin dat hij no op plak 3 stiet. Sjoch
hjir.

E4 wint

E4 helle sneon in kreaze oerwinning tsjin RES E4. Se kamen mei 3-0 foar………


…..mar krekt foar tiid skoarde RES noch tsjin.
Einstân 3-1.

Harsens derby (1450)
Wa wol dat no net? Meitraine by in profklup. Dat is samar klear!