SDS-League: It wurdt spannend boppe-yn!

Weppers moandei 13-5-2024
13 mei 2024
SDS-slotfeest op sneon 18 maaie mei pizza’s en DJ Pitward
16 mei 2024

Mei noch ien wykein te gean nimt ‘Hampus FC’ fan Jan-Harmen Folkerts de lieding yn de SDS-League. Hy stiet 1 puntsje foar op ‘Buurman & Buurman’ fan Anco Bervoets en Kevin den Haan en 3 puntsjes op ‘Hangover ’96’ fan Jelte-Pieter Dijkstra. It is dus in stik spannender as yn de Eredivisie.

Jan-Harmen Folkerts hengelt mei ‘Hampus FC’ de kopposysje binnen.

Jasper de Boer út Spannum pakt de wykpriis mei ‘Ajax-Kampioen’. Dat makket it seizoen dan dochs noch in bytsje goed……

Underyn docht Marc Hoekstra mei ”Hoekie Boys 12′ der noch alles oan om net lêste te wurden. Hy stiet noch mar 2 puntsjes efter op ‘De trots van Friesland’ fan Annejan Hallema.

Mei noch ien wykein te gean hope wy nije wike tiisdei mei de einstân te kommen fan de SDS-League.

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 12