Weppers moandei 13-5-2024

Sneon 11-5-2024
10 mei 2024
SDS-League: It wurdt spannend boppe-yn!
14 mei 2024

Kompetysje

SDS JO9-1 moat woansdeitejûn om 19.00 oere fuotbalje yn Easterein tsjin Blauw-Wit ’34. De muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa.

Nei de 4e-Klasse

Nei ôfrûne sneon is SDS 1 offisjeel degradeard nei de 4e-Klasse. It is ynmiddels alwer 30 jier lyn dat SDS foar it lêst yn de 4e-Klasse fuotballe hat. Yn it seizoen 194-1995 promovearde SDS nei de 3e-Klasse.
Hjirûnder kinne jim de list sjen dy’t ek op de side fan SDS op Wikipedia stiet.

Teamynskriuwingen

By SDS binne sy drok dwaande om te ynfentariseren hoefolle teams der folgend seizoen de kompetysjes yn kinne.
Tusken 30 maaie en 18 juny moatte de teams ynskreaun wurde yn Sportlink.

SDS-slotfeest


Hasto dy al opjoen foar de pizza’s foar sneon?
It opjaan foar de pizza’s kin hjir.
De kosten hjirfoar binne €10,-. Frijwilligers fan SDS kinne fergees mei-ite!

Mei freonlike groet,
De Feestcommissie

Yn it sintsje

SDS-supporter Phillipus Hingst waard juster by sc Heerenveen – Vitesse yn it sintsje setten. Hy is no 80 jier en hat 30 jier in seizoenkaart by sc Heerenveen. Hy hat besletten dat dat in moai momint is om de seizoenkaart op te sizzen. Ambassadeur fan sc Heerenveen, Johan Delfsma, mocht him in sjurt fan sc Heerenveen mei handtekeningen oerhandigje.

In dei om nea te ferjitten. In wedstriid om gau te ferjitten….

SDS-League

Moarntejûn kinne jim hjir wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby (2250)

Knappe sliding!