Weppers snein 6-9

Utslagen 5-9
5 september 2009
Weppers moandei 7-9
6 september 2009

Elk foardiel hat syn neidiel
Fansels wie it balen dat SDS 1 juster net trochgie. Dochs hie it ek foardielen. Hjirtroch koenen SDS A1, 2 en 3 mei de sterkste seleksjes fuort en levere dit 3 oerwinningen op. Dat it ek neidielen hat, dêr sille wy it fierder mar net oer hawwe.

Famkestraining giet los!
De famkestraining (let op: 8-14 jier) giet wer los!
Kommende moandei om 17.00 oere wurde sy ferwachte by trainer Sieta Tessemaker op it fjild.
Wolle jo ynformaasje oer it famkesfuotbal?
Mail nei info@vv-sds.nl.

SDS League
Sa ’t jim sjoen hawwe steane de nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar sneon 12 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 6 dagen.
De earste 10 teams hawwe wy al binnen.
Om ’t der dit wykein interlandfuotbal is hoefe jim net te wachtsjen mei it ynleverjen. Hoe earder wy de formulieren hawwe des te earder wy starte kinne mei de nije SDS League (y.p folgend wykein).


WK-Heechsrpingen foar 54 plussers
Wij witte net krekt wêr’t it WK heechspringen is foar 54 -plussers, mar wij witte wol seker dat Oebele Anema fan Mantgum net meidocht. Sneon soe hij de bal fan SDS 2 fan de jeu de boule baan helje. En om de gong yn it spul te hâlden, naam Oebele in oanloap om oer it stek hinne te springen. Dat slagge net. Oebele kaam slach oer de kop op it greffel telâne. Hij krabbele oerein en hoopte dat net ien it sjoen hie.

Clarence de Haan
hspace=0
It falt dit jier net ta om in strafskop te benutten. Nei Harm en Jappie wie Feite de Haan al wer de tredde dy’t dit seizoen in strafskop mist. Hij die dat yn de wedstryd fan SDS 2 tsjin Flevo Boys.

Rjochtsetting
Soms brûke wij de ferkearde teksten bij de goeie foto’s. Sa krigen wij fan Eddy de Boer in reaksje oer syn foto yn it Feyenoord sjurt. It ûnderskrift bij de foto moast wêze: “Soks dogge je allinne nei 15 bierkes”

Wat?
Steffen Bruinsma foel út by SDS 6. Tidens de wedstryd rôp hy: “Ik haw myn kût ferstapt”. Sommigen ferstienen: “Ik haw myn kûnt ferstopt”. Dat foel lokkich genôch mei.

Wedzje?
Durk Okkema gie tongersdeitejûn in weddenskip oan mei Enne Bruinsma. Neffens Durk hie SDS ea in kear 4 D-alvetallen hân. Enne wist seker fan net, hij joech oan dat der doe ek 7-tallen bij wiene. Wa hat gelyk??

Bewarnûmer Treffer
Hjoed of moarn(of juster) falt it bewarnûmer fan de Treffer by jim troch de doar. Wy kinne jim no alfêst wol sizze dat sommige ynformaasje no alwer efterhelle is. Spitich genôch is dêr neat oan te dwaan.

Leiders-trainersgids vv SDS 2009
Mocht it no hjoed wat in reinige dei wurde dan kinne je moai efkes de leiders-trainersgids vv SDS fan 2009 efkes besjen. Hy is hjir te finen.

Le Tissier
De 30’ers ûnder ús kin him noch wol: Matthew Le Tissier. It klinkt Frâns, mar dit is in Ingelsman dy ’t jierren foar Southampton fuotballe en nea yn de ferlieding kaam om op in oanbieding fan in gruttere klup yn te gean. Û.o. Manchester United siet jierren efter him oan, mar hy bleaun by Southampton en saorge der hast allinnich foar dat sy jierren yn de Premier League fuotbalje koenen. Op oanrieden fan Jaap Toering hjir nochris syn hichtepunten. Gean der mar efkes noflik foar sitten:




Moarn mear!