Weppers moandei 7-9

Weppers snein 6-9
5 september 2009
Weppers tiisdei 8-9
7 september 2009

SDS 1 hellet yn
De KNVB is gelyk yn aksje kommen nei it ôflassen dan de wedstryd Be Quick Dokkum 1- SDS 1. Kommende woansdei om 19.30 oere wurdt de wedstryd spile yn Dokkum.

SDS League
Sa ’t jim sjoen hawwe steane de
nije dielnimmingsformulieren foar de SDS League op de webside. Jim teams moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 12 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 5 dagen.
De earste 12 teams hawwe wy al binnen.
Hoe earder wy de formulieren hawwe des te earder wy starte kinne mei de nije SDS League (y.p. kommend wykein).

Ouwe Syl
SDS 5 hoechde sneon net nei Ouwesyl. Dat wie tige teloarstellend foar de fitte seleksje fan SDS 5. De opmerking fan in teloarstelde webmaster en SDS 5 spiler oer it fjild, soarget foar in reaksje fan de lieders fan Ouwe Syl 3.
heren webmasters,
Ook wij hadden graag willen voetballen. Echter de vele hoosbuien die op zaterdagmorgen vielen, maakten het speelveld om 12.30 uur nog onbespeelbaar. Door het wel
goede veld, had de wedstrijd later wel door kunnen gaan. Veld bij ons is zo gedraineerd, dat er na 2 uur droogte
niks meer van de regen is te zien. Nogmaals jammer dat
de wedstrijd niet door kon gaan, maar weer heb je niet
in de hand!!!
Met vriendelijke sportgroeten,
Ids en Rieneke Grond, leiders Ouwesyl 3.

SDS seal 1
De sealfuotballers fan SDS 1 meie dizze wike ek foar it earst los. Sy spylje tiisdeitejûn om 20.00 út tsjin Workum 2.

Fuotbalplaatsjes (1)
Sneon 12 septimber komt de fotograaf Wiep Wierda foar de lêste kear bij SDS langs om foto’s te meitsjen foar it fuotbalplaatsjesboek. Elk wa’t noch net op de foto west hat kin dan alsnog op de foto. Wiep is fanôf moarns 9.30 oere op sportpark de Skoalleseize oanwêzich.

Fuotbalplaatsjes (2)
Der wurdt op it momint hurd wurke oan it fuotbalplaatsjesboek foar JV Bolsward, RES en SDS. Yn de Boalserter Krante koenen jim der al wat oer lêze (klik
hjir).

Wa is dat?

Sa wat strúnende op oare fuotbalwebsides komme je noch wolris wat âlde bekenden tsjin. Op de webside fan Mulier kamen wy dizze foto tsjin. Jimme sjogge Folkert van der Weij yn aksje foar Mulier 2 tsjin Blauw-Wit ’34 2. Mar wa fan Blauw-Wit sjogge wy dêr efter yn it fjild stean mei dat wylde bosk hier en de hannen yn de side? Ynderdaad! It is âld-SDS-trainer Kees Jansen dy ’t op syn âlde dei noch efkes syn opwachting makket yn it 2e fan de Ljouwerters. Of soenen der by Blauw-Wit ek in soad te keatsen wêze?
Mulier wûn de wedstryd mei 4-0.

Anouk
Yn Ingelân wienen se der al langer efter dat der yn Nederlân eins mar ien echte “Anouk” is. Sûnt it EK-frouljusfuotbal kinne wy ús der ek wol yn fine (klik
hjir).

Knappe goal!
Japan ferlear ôfrûne sneon dan wol mei 3-0 fan Nederlân, mar dat wol hielendal net sizze dat dy Japanners net fuotbalje kinne. Dizze knappe goal wurd makke troch Kazumasa Uesato fan Consadole Sapporo. Sy neame him no ek wol de David Beckham fan Azië.