Weppers snein 4-5

Utslaggen 3 maaie
2 mei 2008
Weppers moandei 5-5
5 mei 2008

Utfallen

De âldste fuotballer fan SDS, Ype Burggraaff moast sneon wol om in hiele bysûndere reden it fjild ferlitte yn de wedstryd SDS 5- Zeerobben 6: syn skuon foelen fan ellende útelkoar.
It wiene syn wedstrydskuon en se wiene noch kocht yn de tiid dat in gûne noch in gûne wie. Op de fraach at hij no syn trainingsskuon brûken giet, sei Ype: “Dy bliuwe moai yn de doaze, dan hawwe se it minste te lijen”.
Ype keapet binnenkoart wol wer nijen foar sneons want hij hâldt noch lang net op.

Te betiid
SDS B1 hat in dreech seizoen hân. Juster lykwols hellen se in moaie oerwinning. Dy hiene se oars wol graach fiere wollen mei bitterballen. Mar at je sa betiid fuotbalje is it fet noch net altiten hyt. Dus waard it sjips.

Protte folk
Bij SDS 2 – Minnertsgea 2 siet in protte folk oan de kant. It wie fansels ek prachtich waar. Foar it bestjoer wie dit in reden om it rêd nei ôfrin ek noch draaie te litten. Yn de twadde ronde foelen alle 3 prizen tusken nr 51 en nr 56. Tinus Hoekstra koe gelyk de hiele famylje fan fleis fersjen.

YVC C1 – SDS 1
Kommende tiisdei spylje SDS 1 en SDS 2 foar de neikompetysje. Mar ek C1 sil besykje in oerwinning te heljen. Want dat soe in kampioenskip betsjutte. Dat soe in moai yntocht op de Skoalleseize wurde kinne.

Doelpuntenmakkers
Gearard Posthumus skoorde net, de konkurrinsje wol. Bas de Haan liket op it lêst it twadde plakje noch te pakken. Sjoch
hjir foar de hiele list.

Op Rhodos
Webmaster Giorgios sit in wykje op Rhodos oan de giros. En dêrnei in mooglik in wykje regelmjittich op it húske.
Hij liet ús witte dat hij bij in min resultaat fan SDS 2 mooglik in fleantúch earder nei hús komt, mar de 4-2 hat him besluten dien, dochs in wike fuort te bliuwen. 

Lui
Jacob Plantinga waard sneontemiddei op in let momint noch frege om te fluitsje. Klasse dat er der wie. Yn it skoft liet hij syn ljocht efkes skine oer de wedstryd. Syn wurden: “Harm Auke, wat bisto ferskriklik lui hjoed. It falt mij echt op.”
Wol of net opfallend: Harm Auke makke yn it lêste kertier, doe’t elkenien der troch hinne siet, wol de winnende treffer.

Fûgels
Hoe’t it bij oare alvetallen sit, witte wij net, mar bij SDS 5 giet it yn de klaaikeamer soms oer fuotbal. Dan moat lieder Durk echt mei de hân op de tafel slaan of mei de poat op de grûn stampe. Oars giet it foaral oer keatse (Sipke en Tjeerd ) of oer fûgels (Jelle en Marco) of oer deade fûgels (Stoffel). Spesjaal foar dizze lêste trije in  filmke fan Bert Visscher.

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim maile nei
dit adres