Weppers moandei 5-5

Weppers snein 4-5
3 mei 2008
Weppers tiisdei 6-5
5 mei 2008

Net troch
De B1 spilers wiene moandeitejûn befrijd fan ferplichtingen om te trainen. Sij koene nei it Befrijiingsfestifal yn Ljouwert. Woansdei is der noch wol trainen.

Seleksje SDS 2
Fan Robert en Hylke krigen
wij de seleksje foar tiisdeitejûn troch:
Marten, Dennis, Syb, Redmar, Gerrit, Floris, Jan-simon, Remco, Jeroen B, Wouter, Stefan, Sybren, Ralf, Eeltje

Seleksje SDS 1
Tiisdeitejûn spilet SDS 1 de weromwedstryd tsjin Eems Boys. De folgende spilers sille de 2-0 efterstân omsette wolle yn in klinkende oerwinning.
Tjalling, Hendrik, Erik, Henk, Tjipke Klaas, Mark, Anne, Jacob Klaas, Harm, Jaap, Skelte, Arjan, Tsjeard, Jildert en Kasper.

Op de foto
Op de site fan Eems Boys stiet gjin wiidwijdich ferslach fan de wedstryd. Twa rigels en twa foto’s. Sjoch
hjir

Seleksje SDS 2
Ek op tiisdeitejûn spilet SDS 2 de útwedstryd tsjin Minnertsgea. Sij moatte in 4-2 fpoarsprong ferdigenje.
Letter hjoed de seleksje.

Blesseard
Anne Wil Zijlstra rekke sneon yn Skearnegoutum blesseare en moast efkes nei it sikenhûs om ûndersykje te litten wat er oan de hân wie: Sij jout sels it antwurd:
Ja dan rekje jo sneu van ’t fjild of.
’t falt allegear wol mei gelokkich, d’r is neat brutsen en der bin ik bliid om.
Wol is ’t sa dat mien spieren in klap krigen ha en dat ik myn skouder 1 wike rust gunne moat.
Mei noch 2 wedstriden te gean bin ik bang dat ik dit seizoen net mear oan ’t spyljen ta kom.
Folgend seizoen (bij de froulju) hoopje op in better einde.
Groetnis AnneWil

Barcelona- Valencia
Je meitsje der in hiele reis om en dan hoopje je ek dat er in oantal kearen skoard wurdt om te sjen hoe’t sa’n fol stadion út syn dak giet. Fansels hiene Robert, Peter en Roel ek wite bûsdoekjes bij harren foar it gefal Barcelona ferlieze soe. Mar de mannen út Easterein waarden trakteard op in
6-klapper.

Befrijingsfestifal
Hjoed moatte der wer in soad minsken oan it wurk. Wa’t frij is kin moai efkes nei it befrijingsfestifal. En foar de âlde hap in tip.
CCC-Inc. spilet dêr ek. Dy wiene yn de jierren 70 tige populair bij yn fan de webmasters. Dan witte jim wol welke. Om goed 16.00 oere yn de Prinsetún.

Letter hjoed (nei it festifal) mooglik mear. Dus moarn.