Utslaggen 3 maaie

Seleksjes sneon 3 – 5
2 mei 2008
Weppers snein 4-5
3 mei 2008

Jim kinne ferslaggen, útslaggen en nijtsjes maile nei dit adres.

    útslach
14:30 SDS 2 (zat) – Minnertsga 2 (zat)  4-2
12:15 SDS 3 (zat) – Berlikum SC 2 (zat)

g.n.t.

14:30 SDS 5 (zat) – Zeerobben 6 (zat)  2-1
10:15 SDS B1 – Makkum B1  6-1
9:00 SDS E4 – Oosterlittens E5  0-10
10:00 SDS F1 – Minnertsga F1  1-3
10:00 SDS F3 – Oosterlittens F3  3-2
14:30 Eems Boys 1 (zat) – SDS 1  2-0
14:30 QVC 4 (zat) – SDS 4 (zat)  4-3
9:00 Nijland D1 – SDS D2  5-1
15:00 Scharnegoutum’70 DA1 – SDS DAJ  6-1
10:00 QVC F4 – SDS F4  3-5

Eems Boys 1 – SDS 1       2-0
SDS hie goeie kânsen hawwe wij begrepen. Bij it skoft wie it noch 0-0. Dat it 2-0 waard wie net echt fertsjinne. Mar wij hawwe it mar fan hearen en sizzeen. Wij binne benijd nei it echte ferslach fan ús ferslachjouwer Siemen Sikma.

SDS 2 – Minnertsgea 2     4-2
In protte publyk oan de kant stimulearde SDS. Se kamen mei 4-0 foar. It waard krekt foar tiid noch 4-2. Twa doelpunten fan Wichard Deinum en twa fan Jeroen Brouwer. Dennis krige twa giele kaarten.

QVC 4 – SDS 4   4-3
In doelpunt rike wedstryd. De doelpunten fan SDS wiene fan Bas de Haan (2) en Ronnie Wagenaar. Dy fan QVC witte wij net.

SDS 5 – Zeerobben 6        2-1
SDS 5 giet foar it tredde plakje. Dat lieten se no ek wer sjen. In 2-1 oerwinning troch doelpunten fan Bertus Bootsma en Harm Auke Dijkstra.
Jacob Plantinga fluite en dat die hij prima!

SDS B1 – Makkum B1
SDS B1 wint mei 6-1 fan Makkum
It puntsje tsjin Lw Zwaluwen op 19 april wie wichtich. En mei hjoed de winst op Makkum steane we 1 punt foar op Makkum. Noch twa wedstriden te gean. Wykels Hallum út (?) en JV Bolsward út (17-5). De oprop oan de âlders om hjoed by de wedstriid te wêzen hat fertúten dien. Mar leafst san 14 âlders, guon ek yn funksje (tank foar it flagjen Jan!), wienen hjoed op it fjild om te stypjen. En it hat holpen. Fan de 16 spilers wienen der 2 net, 3 blessearre en 1 op de Canarische Eilanden (Albert koe wol wat kleur brûke). Sa kaam it dat we Jacob van Wieren en Arjen Los der by hienen en de moarns ha we ek noch Ayanle Reitsma frege om der by te wêzen. We wisten wat der barre moast, want Makkum hie mar leafst mei 6-0 fan Wykels Hallum wûn en stie 2 punten foar op ús. We begjinne yn de hast fertrouwde 1-4-5-1 opstelling en kinne Makkum daliks ûnder druk sette.  Oan de rêst ta skoare we (Jacob) 2 kear.

Yn de rêst beslúte we om Wytse (Hintsje) op lêste man te setten en oare Wytse op it middenfjild en Arjen yn de spits. Dat docht fuort fertúten want Wytse en Jacob fine inoar in moaie kombinaasjes en derby wurd goed fan de sydkanten (Jarco en Doede) gebrûk makke. Jacob skoart noch 3 kear en dan komt Ayanle der foar him yn. Menno wie der al yn kommen foar Arjen. Wytse skoart de 6-0 út in foarset fan Leandro. De ferdigening fan Wytse, Gerrit Jan, Wiebe en Arjen stiet as in hûs. Dochs moatte se in tsjingoal ynkassearre en sels de prachtige dûke fan Wytse kin de bal net tsjinhâlde. Mar de wedstriid is spile en we binne dik tefreden. Tige tank oan it publyk en âlders foar jimme stipe!

Klaas

Scharnegoutum Da – SDS Da       6-1
Hiel efkes like der in sensaasje yn de loft te hingjen. SDS kaam mei 0-1 foar troch Sieta Tessemaker.
It waard dochs noch in flinke nederlaach 6-1. Anne Wil rekke blesseard oan skouder en moast nei it sikenhûs. Wij binne benijd hoe’t it mei har is.