Weppers snein 4-12

Sneon 3-12
2 december 2016
Foto’s SDS 1 – SVM 1
5 december 2016

Pupillen fan de wike

It wiene juster wer twa superpupillen.  Dat super slacht net op de ôftraap mei in oanfal  op de doelman fan SVM Marknesse. Dy bal sykje se no noch want dy gie oer…..  Nee, dat super slacht op harren ynset en motivearjende oanwêzichheid tidens de wedstriid.
Want SDS 1 wûn mei 2-0.
It wie de tredde oerwinning op rige en sels Tjipke Okkema koe him net herinnerje wannear dat foar it lêst sa wie.

pieter-sytsma-en-jelle-vellinga

Pieter Sytsma mei Jelle Vellinga

luuk-meijer-remco-hylkema

Remco Hylkema mei Luuk Meijer

Ek op de foto

remco-hylkema

Op de foto meie mei in pupil is in grutte ear foar de SDS 1 spilers. Foarat Remco it fjild ferlitte koe mocht hij op de foto mei Jelle Vellinga. “Mei ik ek mei dij op de foto”, frege syn freondinne dy’t him opwachte nei syn goeie prestaasje. Fansels mei dat…..

Offluitsje……!!

It wie razend spannend bij SDS VR1. Seker doe’t se op 3-2 foar kamen, koe it foar Gerrit Terpstra mar net gau genôch dien wêze. Neffens him wie it al tiid (de wedstriid wie letter begong mar dat wie Gerrit fergetten) en hij woe  der alles oan dwaan om dat oan skiedsrjochter André Vink witte te litten. Sels roppe hie gjin sin, mar doe’t Tineke Vink oanrinnen kaam, stelde hij har foar dat sij André der efkes attint op meitsje koe dat it dien wêze moast. “Moat mar net, sei Tineke, “dan hawwe wij in minne jûn”. Ek soan Wietse dy’t stie te wachtsjen mei SDS 4 seach it net sitten om te roppen dat de hoanne fan de toer flein wie…
Efterôf mar goed dat it allegear net slagge, want SDS VR 1 hie yn dy “Gerrit minuten” noch twa prachtige oanfallen mei twa prachtige doelpunten fan Tjitske Heeres.

SDS-Look-a-like

De froulju fan de tsjinstanner fan SDS Vr.1, WTTC/Udiros, seagen it juster lyk;
‘Binne jo de broer fan Reitse?
mark-en-reitse

SDS Look-a-like(2)

Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Âld-SDS’ers

SDS 3 moast nei de Jouwer ta foar de wedstryd tsjin sc Joure 3, mar seach dat der in folle wichtigere wedstryd dwaande wie. De famkes fan sc Joure fuotbalden hjir de derby tsjin Renado/VVI. It wie in drokte fan jewelste rûn it fjild, want alle klasgenoaten, omkes en tantes, buorlju en âlde lju wienen der te sjen. De âld-SDS’ers Rients Smeding en René Reinsma wienen der te sjen, want Rients syn dochter sit by Renado/VVI. Renado/VVI wûn úteinlik.
Wy binne benijd as ien ús noch in foto maile kin wêr ’t sawol Rene as Rients op stean. Mail nei info@vv-sds.nl!

JO 15-1

sds-jo15-1-des2016

It wie wer noflik waar juster en foaral bij JO 15-1 binne altyd in hiel soad belutsen âlders oanwêzich .

pytrik-brouwer-des-2016Kofje helje foar broer

 

Wij koene fannewike al lêze dat it goed giet mei Anne Brouwer.
Juster hie der wer it selde antwurd op de fraach hoe’t it gie.
“It giet best, mar ik mei net fytse en autoride”.
Foaral dat lêste fynt hij hiel ferfelend.
Sels kofje helje skynt  ek noch net ta te fallen, mar gelokkich hat er dêr in suske foar.

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hasto dy al oanmelden foar it SDS-FIFA-2017-toernoai op freed 9 desimber yn de kantine?
sds-fifa-17-toernoai
Lês der hjir alles oer!
Gau dwaan!

Harsens derby (1801)

Knappe goal…………………. fan de skeids!