De nije Koronarigels

SDS 1 wint mei 3-0 fan Oudehaske 1!
3 oktober 2020
Weppers snein 4-10-2020
4 oktober 2020

Wy hawwe by SDS noch altiten te meitsjen mei de Korona-rigels.

Sûnt moandei hat it regear de Korona-rigels hjir en dêr oanskerpe. Foar de kommende 3 wiken jild it folgende wat it fuotbaljen oanbelanget by SDS.

– De kantine is ticht
– Der is gjin publyk wolkom by de wedstriden op de Skoalleseize
– Alle persoanen binne wolkom op de Skoalleseize dy ’t in rol hawwe by de organisaasje fan de wedstriden/trainingen. Neist de spilers is dat de brûklijke besetting oan coaches, lieders, officials, bestjoersleden, frijwilligers en/of riders.
– Alders fan jeugd oant en mei de JO19 dy ’t de jeugd nei in útwedstriid bringe moatte, wurde sjoen as begelieding en meie wol by de wedstriid sjen (sjoch hjir). Alders fan bern dy ’t thús spylje meie de bern ôfleverje by it hek, lykas mei it trainen.
– De bestjoerskeamer is iepen. Hjir meie net mear as 4 persoanen yn.
– De KNVB jout as advys dat as je mei syn allen yn de auto moatte nei b.f. in útwedstriid dat elkenien fan 13 jier en âlder in mûlkapke draacht. Yn in bus is it mûlkapke ferplicht.
– De wedstriid tusken SDS 1 en Oudehaske 1 wurdt ferslein troch Voetbalnoordferslachjouwer en wepmaster Aant Hofstra en ús fêste fotograaf Henk Bootsma.

Sjoch hjir foar mear antwurden op fragen troch de KNVB.

De KNVB hat richtlinen opsteld oangeande gefallen fan Korona by de klup. Jim kinne it hjir fine.
Hjirûnder it stappenplan.

De KNVB hat protokollen opsteld foar ferskeidene doelgroepen. Hjirûnder kinne jim se fine:

Dêrneist jild;

  • voor alles geldt: gezond verstand gebruiken staat voorop
  • heb je klachten? Blijf thuis en laat je testen
  • ga direct naar huis wanneer er tijdens de sportactiviteit klachten ontstaan zoals: neusverkoudheid, loopneus, niezen, keelpijn, (licht) hoesten, benauwdheid, verhoging, koorts en/of plotseling verlies van reuk of smaak: dit geldt voor iedereen
  • houd 1,5 m afstand met personen van 18 jaar of ouder, tenzij uit één huishouden (uitzondering tijdens het sporten)
  • vermijd drukte
  • was vaak je handen met water en zeep, juist ook voor en na bezoek sportlocatie
  • schud geen handen
  • uiteraard is ook de Covid-19-regelgeving van het RIVM en de Veiligheidsregio Fryslân van toepassing