Weppers snein 31-8

Útslagen 30-8
29 augustus 2008
Weppers moandei 1-9
1 september 2008

Foto’s

Henk Bootsma hat juster wer in soad plaatsjes sjitte kinnen. Hjir kinne jim se fine(klik hjir).

Boppe-oan
Foar hoe lang it is witte wy net, mar ien fan de webmasters stiet boppe-oan by “Coach van het jaar” fan de Ljouwerter Krante(klik
hjir).

Mobyl
In bult SDS’ers binne mobyl berikber. Sy wolle graach fan alles op de hichte hâlden wurde, fuotbalsaken yn it bysûnder. Der is no in SMS-tsjinst dy ’t gratis de fuotbalútslagen fan wedstriden trochjout. Hjir binne fêst in soad SDS’ers yn ynteresseard(klik hjir).  

Wedstrydskema’s
SDS-ers die als nog een wedstrijdschema willen ontvangen het komende jaar kunnen hun emailadres door mailen aan Andre Vink
famviea@hetnet.nl. 

Wedstrydferslagen
Wy krigen wer in soad wedstrydferslagen binnen fan de wedstriden fan juster(sjoch hjir). Ek krigen wy noch ien binnen fan de wedstryd fan woansdei tusken SDS 3 en Oeverzwaluwen 2. Klik hjir om it te lêzen.

Famkesfuotbal

De famkes fan SDS kinne noch wol wat spylsters brûke. Wa ’t it wat liket kin op tiisdeitejûn 19.00 oere ris op in training sjen of in pear kear meidwaan om te sjen as it wat is. Wa ’t belangstelling hat kin kontakt opnimme mei Anke van Asselt(klik hjir).

Skylge (1)
SDS 5 hat juster fuotballe op Skylge. Sy dienen dêr mei oan it jierlijkse feteranentoernoai. Sy tochten de earste wedstryd in makkie te hawwen. Dit rûn wat oars:



Skylge (2)
In stik as wat feteranen binne sneintemiddei al wer yn Harns oankommen. It wie in goed trainingskamp, wêr’t de earste priis wol hiel ticht bij wie. Sa’n trainingskamp levert in protte yndrukken op. Dit moat earst allegear ferwurke wurde yn de kopkes fan de mannen. Derom sille jim letter mear lêze kinne oer wa’t de sliepsek fergetten wie, wa’t sneontemoarn te let wie, wa’t moandei op in boerekarre troch Minnertsgea giet en wa’t op Skylge te let wie foar de boat. At jim tinke dat it ien en de selde persoan is, dan sitte jim der net fier neist.


Moarn mear!