Weppers moandei 1-9

Weppers snein 31-8
30 augustus 2008
Weppers tiisdei 2-9
1 september 2008

Futsal
De futsallers fan SDS 1 meie fan ‘e wike ek foar it earst los. Sy krije it lyk dreeach, want sy meie út nei FFS(û.o. Jeffrey Talan, Erik ten Voorde en Mark van Eijk). It sil sowieso in dreech seizoen wurde om ’t der aardich wat jonges stoppe binne(Feite, Harm, Anne, Skelte, Tseard H.). De seleksje is no wat oan de krappe kant om ’t earst allinnich Hjalmar Ruiter derby kommen is. Wa ’t it wol wat liket om yn de Haadklasse te sealfuotbaljen(meast op woansdeitejûns) kin maile nei info@vv-sds.nl.
It is net te hoopjen dat Futsal 1 net iens oan de kompetysje begjinne kin…. It begjint der allinnich al op te lykjen……….

Mei de bus

Sneon begjint de kompetysje. SDS 1 moat dan nei Hoogeveen. De seleksje giet der mei de bus hinne. Der kinne noch in pear supporters mei ek. Foar 7 euro. Opjaan moat bij Enne Johannes . Dat kin fia de mail. De bus giet om 12.00 oere fuort. Wês der bij want fol is fol. Chris Postma en Lolke Hofstra gean yn elts gefal ek mei.

SDS 2
SDS 2 traint tongersdei net om 20.15 mar om 19.45.

SDS League
As it meisit dan hawwe wy ein dizze wike de formulieren klear foar de nije SDS League. Der sille allinnich hjoed noch wol hiel wat spilers feroarje fan klup sadat wy der noch efkes in bult wurk fan hawwe(klik
hjir).

Los
Kommende sneon meie dan eindelijk alle teams fan SDS los yn de kompetysje. Sjoch
hjir foar it hiele programma.

Rektifikaasje
Yn it ferslach fan SDS B1 skreaun troch Christiaan seit hij en ik sitear: “
Na een kleine solo actie van mijzelf komen we dan toch eindelijk op de 1-0.” Der kloppet iets net, namelijk; it wie net in lytse aksje, mar in super aksje fan him! In super aksje én in super goal.
Groetnis,
JanRinse

Alves
Sy misse Alves syn goals noch net yn Hearenfean. Wol syn magistrale frije trapen(klik
hjir).

Sibe yn Alcatraz?
Wy hawwe al in skoftke neat mear heard fan Sibe de Seefûgel. Wy begjinne ús hast wat soargen te meitsjen. Hielendal no ’t wy dizze foto krigen hawwe fan Robert Hoekstra. Robert seach Sibe op in ekskursje yn San Fransico:

Sit Sibe fêst yn Alcatraz??

Letter mear!