Weppers snein 3-10

Utslaggen 2-10
1 oktober 2010
Weppers moandei 4-10
4 oktober 2010

Doelpunten
Wij hoopje de doelpuntenmakkers fan SDS 2 en Da 2 noch melde te kinnen, at wij it troch krije.

Doelpunten da2 (neffens Feike en Sieta)
jitske 1
joutsen 1
hotske 1
suzan 2
sieta 1

Senuweftich
Lieder Pieter Veenje hat de wedstriid fan Da1 beskreaun. De senuwen dy spilen in rol. Sjoch
hjir.

Fytse
Der is in wepmaster bij SDS dy hâldt net echt fan fytsen. Dy webmaster wie dit wykein op Skylge. Mar omdat it fytsen sneon
op it programma stie, wist hij it eilân foar in flink oantal oeren te ûntflechtsjen om te fuotbaljen. Om 12.30 oere yn Easterein mei SDS 3. Swier, mar dan ek hiel swier teloarsteld naam hij kennis fan de meidieling dat SDS 3 ôflast wie.

Fytse (2)
Der is ek in wepmaster bij SDS dy hâldt wol fan fytsen. Wat wie dy bliid dat it fuotbaljen net troch gie. It wie sok moai waard en no hoegde hij tenminste net te fuotbaljen. Koe hij lekker te fytsen. Nei Snits bijgelyks. Om efkes bij WPB tsjin Makkum te sjen. Hylke Schrale mei syn Makkum ferlear (fan de skeids).

Petearke
 
De iene wepmaster fytste troch Turns nei Snits. Mar yn Turns waard it paad efkes blokkeard troch twa skelters.
“Hoi, binne jo trainer bij SDS”, rôp ien fan de trije jonges.
“Ja, en do fuotballest yn F3 seker,” wie it antwurd.
“Jaaaaa,” sei der ferbaasd en hij glundere.
“Jim winne altiten mei 5-1”
“jaaaaa, sei der noch ferbaasder, “en ien kear mei 5-3 fan Blauhûs.
“Witte jo ek hoe wij hite?” woene se noch witte.
“Do bist Arjen Schaap, en do bist Ytsen Tamminga”.
Se glunderen, want wat is der no moaier om no al herkend te wurden op strjitte.
“En ik bin Ate”, sei de jongste fan it stel, “ik moat earst it swimdiploma helje en sit al yn it twadde bad”.
En foardat de wepmaster wer fierder soe, kaam de opmerking dy’t bij alle trije op de lippen lei: “Wat hasto in grut burd”?

Tip
Hjoed yn Frjentsjer de striid tusken sc Franeker (mei trainer Marcel Frankena) en Easterlittens. Franeker draait stroef en Littens sit der goed bij yn dizze tredde klasse A. It begjint om 14.00 oere.
N.B. Wij hawwe sels mar efkes sjoen. Marcel wint syn earste wedstriid (4-2) en Tsjeard H. kaam der de twadde helte yn bij Littens.

Moarn mear