Weppers moandei 4-10

Weppers snein 3-10
2 oktober 2010
Weppers tiisdei 5-10
4 oktober 2010

Grut nijs!
SDS DA2 binne sneon einliks net mei in nederlaach nei hûs ta gien, mar ha sels dik wûn mei 6-3 fan Arum DA1!
It wie moai waar, de froulju hiene der sin oan, it wie tiid om ris te winnen!
Yn ‘e earste minut waard er al skoart nei in moaie corner bal troch Hotske. De drang om te winnen waard hieltiten mar grutter. Dit gie allinnich net samar!
We kamen efter te stean mei 2-1.
Lokkich genoch ha we it dernei wer goed oppakt.
Der waard  skoart troch Susan en Jits (Spits).
Mei 3-2 bin we de rust yn gien. De stemming wie goed yn e klaaikeamer, we leauden der yn.
Nei een lekker bakje thee en een positief wurdsje fan us coach Wiepkje, giene we it fjild wer op.
Al gau waard it 4-2 far us, alwer skoart troch Susan!
Arum kaam nog efkes werom nei 4-3. Dernei wienen wy oermachtich en is der noch skoart troch Joutsen en Sieta. En dus in oerwinning far de superfoulje!!!
Froulje fan dames 1 bedankt far jim dielname. Moai dat jimme eltse kear klear steane.
Jim snappe fansels wol, dat dizze oerwinning nei mear smakket. Nije wike moatte we tsjin Boalsert (thus), sjen hoe we it der dan fan of bringe! 
Groetnis fan de Superfroulje
Wa ha der skoort? : Hotske 1x, Susan 2x, Joutsen 1x, Sieta 1x, Jitske 1x

Flagger
SDS DA 2 hienen mar in goed wykein. Net allinnich waard der wûn yn Arum, mar hawwe sy ek Klaas Pompstra ree fûn om de rest fan it seizoen de thúswedstriden fan DA2 te flagjen. Feike Jorritsma docht de útwedstriden.

SDS League
Tongersdei kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League ferwachtsje.

Harsens derby(306)
Yn Italië binne se tige wiis mei Clarence Seedorf. Wy tinke net dat Seedorf sa wiis is mei syn bynamme; Willy Wonka de sjokoladekening: