Weppers snein 29-4

Útslagen sneon 28-4
27 april 2012
Keninginneweppers
29 april 2012

1955

De foto op de foarside  komt út 1955. Doelman Willem Agema (no fan Mantgum) plukt de bal út de loft yn de wedstriid tsjin VVI 1. De foto stiet ek yn it boek SDS 50 jier yn swart wyt.

Ferslaggen
Der wiene net safolle wedstriden juster, mar it oantal ferslaggen leit al op 50 %. Sjoch
hjir foar D1 en C1.

Easterlittens?
Gida Heerma seach hjoed efkes op de side fan SC Franeker nei de oerwinning fan SDS D1. Dit stie der:
D1 leed in de jacht op het kampioenschap in de 1e klas een gevoelige nederlaag. In en tegen Oosterlittens werd in de stromende regen waardoor het veld veranderde in een zwembad met 4-3 verloren.

Bovenstaande tekst komt van de site van SC  franeker.  Oosterlittens moet dus Easterein zijn en de tweede helft is op een zeer goed bespeelbaar en absoluut niet te nat B veld gespeeld.
Maar ja onze jongens speelden gewoon een heel goede pot voetbal en hebben zeer terecht gewonnen.
Groet Gida

Doelpunten SDS 1
Efkes in oprop op  Twitter en wij krigen de doelpuntenmakkers fan SDS 1 samar binnen. Dirk de Jong is op twitter al like fluch as yn it fjild:  feite 1-0, tsjipke 2-0, feite 3-0. 4-2 tsjipke 5-3 eigen goal.

Spanning yn twadde klasse I

Underyn de twadde klasse I is it razend spannend. Wa degradeart streekrjocht, wa sil neikompetysje dwaan moatte en wa ûntsnapt.
Kommende sneon komt Balk op besite yn Easterein. Dat wurdt in nijsgjirrich treffen, want bij winst is Balk kampioen, wylst SDS gewoan winne moat. 

Keatse
De keatsers geane hjoed ek wer los. At de rein en de wyn it wat talitte dan sille de matedoren yn Weidum stride om de heechste ear. Trije SDS-ers fan Wommels en 3 SDS-ers fan Easterein steane op de list.

Foto
Yn de LC fan juster koene wij lêze en sjen (foto) dat it MFT yn Easterein iepenskopt is troch Arjen Stremler. 

Moaie dei
It kin in moai wykein wurde. SC Hearrenfean pakte de punten al, Ajax en Feyenoord sil dat noch dwaan en sa binne hast alle SDS-ers wer tefreden.

Harsens derby (749)
Dit is in filmke foar de SDS’ers dy ’t net sa wiis wienen mei de rissultaten fan hjoed: