Weppers snein 28-7-2019

Weppers freed 19-7-2019
19 juli 2019
Keatswepper
29 juli 2019

Bekeryndieling

Hjoed rolle it dan eindelijk fan Voetbal.nl ôf; de bekeryndieling. SDS 1 sit yn de beker mei Beetgum, sc Berlikum en sc Franeker. Sneon 31 augustus begjint SDS 1 mei in thúswedstriid tsjin Beetgum 1.

It programma sjocht der sa út:

Bekeryndieling (2)

Ek SDS 2 docht mei yn de beker.

Yndieling seal 2019-2020


It liket alle jierren wol wat op elkoar de yndieling fan it SDS seal team dat ek dit jier wer op woansdei de thúswedstriden spilet.

Nije spulrigels 2019-2020

Amelân

Op Amelân binne twa fuotbalklups, wêr’t SDS net sa folle mei te krijen hat omdat se op snein fuotbalje. De skiednis fan beide klups en de striid fan East tsjin West wurde yn dit artikel prachtich beskreaun. In sfearreportaazje fan it eilân dus…. Sjoch hjir

PC

Kommende woansdei de PC en dat betsjut meast dat wij de keatskenners oan it wurd litte. Sij meie riede hoefolle earsten de SDS-ers helje. Dat wie meast in poepetoer want der wiene soms mear as in hânfol keatsers. Dit jier is it maklik want de bruorren Jelte Pieter en Bauke Dijkstra binne de ienige twa dy’t de kleuren fan SDS noch ferdigenje. It wachtsjen is op de lotting fan moandeitejûn en dêrnei heare wij graach it oantal earsten wat de mannen helje op de PC. Mail it nei aant@vv-sds.nl  of in apke nei 06-55117582 kin ek.

Nei de film!

Welke heit hat it net? De bern belofe dat je yn de simmerfakansje mei harren nei de film gean. Dizze simmerfakansje kinne je der net omhinne:

Voorpremiére: Diego Maradona met Henk de Jong


Image result for diego maradona film leeuwarden

Harsens derby(2143)

Wy binne werom fan fakansje! Dizze noch net!