Weppers freed 19-7-2019

Kompetysje-yndielingen 2019-2020
15 juli 2019
Weppers snein 28-7-2019
28 juli 2019

Efkes Balje

Oan it gemis oan ferslagen op dizze side  liket it Efkes Baljen stil te lizzen. Neat is minder wier. Winterstop, simmerstop dat binne wurden dy kinne se wol, mar brûke se net. Ek hjoed gie it wer  oan yn Wommels, der wiene samar wer 12 man wêrûnder de stikjeskriuwer dy’t lange omrûn mei in Rypmakût. De gemeente hie it fjild wer lekker koart meand, op it plak nei wêr’t in bank stie. In meander is úteinlik gjin banksjouwer.
Der wiene mear dy’t op karakter harren melden en tefolle hâlde fan it spultsje.  Ek Johan wie der wer nei syn útstapke troch de loft wêr’t wij op facebook fansels live tsjûge fan wêze koene.  Moai dat it him net heech yn de bol sketten is.

De 6 mei en de 6 sûnder hes wie gjin partij. Sij sûnder hes wiene deadlik effektyf en sy mei hes wiene der faak ticht bij mar krekt net. Dy sûnder hes hiene ek op gjin inkele wize begrutsjen mei de heskes. De finale wie mear partij. De meast fitte spiler mocht in hes oandwaan en de meast kreupele die  him út. Dêrtorch duorre it no “lekker” lang foardat de twa doelpunten foelen. De fitste spiler wûn dus as ienige twa kear.  In oare konkluuzje kinne jim sels wol lûke.

Sûnder hes: Wouter, Klaas, Harrie, Ferrie, Menno en Remco
Mei hes: Michael, Lieuwe, Tjitse, Johan, Kerst en Aant

Doelpunten 2018-2019

Het seizoen 2018-’19 sit der al in skofke op foar de amateurvoetballers yn Nederlân. De doelpuntenbalâns is opmakke. Yn  589.150 wedstrijden waarden 4.203.643 doelpunten makke.
Dat is een gemiddelde van 7,14 doelpunten per duel.

Nije spulrigels 2019-2020

Mei yngong fan 2019-2020 binne der in oantal wizigingen yn de rigels fan it fuotbaljen

Wisselen
– spelers die gewisseld worden dienen het veld bij de dichtstbijzijnde zij- of achterlijn te verlaten en niet, zoals nu, bij de middenlijn aan de zijkant van het veld. Op die manier kan tijdrekken worden voorkomen;

Vrije trap
– verder is het niet meer toegestaan om als aanvaller in de muur van de tegenstander te staan bij een vrije trap. Zodoende tracht de aanvallende partij nu nog het zicht van de doelman te belemmeren. Aanvallers moeten vanaf volgend seizoen minstens een meter van de muur verwijderd zijn;

Handsbal
– bij een handsbal in een aanvallende situatie is de intentie ervan niet meer relevant. Hands is hands. Bijvoorbeeld: als een speler de bal met de hand raakt en daaruit scoort, of met een handsbal een aanval opzet waaruit wordt gescoord, dan wordt dat moment afgefloten. Dat klinkt logisch, maar nu wordt nog gekeken of er opzet in het spel is. Dat is vanaf volgend seizoen niet meer relevant;

Doeltrap aannemen in zestienmetergebied
– ten slotte een wijziging bij het nemen van een doeltrap. Het is voor de ontvanger niet meer verplicht om de bal pas aan te raken buiten het eigen zestienmetergebied. De doelman kan zijn medespeler dus ook binnen het eigen strafschopgebied bereiken.

JO 15

De kompetysje yndieling fan SDS/Nijland  JO15 -1 en 15-2 alvetallen lit noch efkes op him wachtsje. Op basis fan de bekende yndividuele kwaliteiten fan alle spilers wol men in pilot tapasse om ta in moaie kompetysje te kommen. Wij binne benijd.

Wêr moat SDS 1 nei ta?


Mei twa ploegen út de polder, ien krekt oer de grins mei Oerisel en 11 yn súdwest Fryslân liket it it net sa raar mei de kompetysje yn 3A.

Bekeryndielingen

De kompetysje-yndieling is bekend en op 28 july wurde de bekertsjinstanners ek bekend makke. Yn de 1ste en twadde klasse is dat al dien en kin samar in ferrassing opleverje: Nijland mei it krekt as ferline simmer wer opnimme tsjin LSC 1 en Sneek Wit Zwart 1 sneins mar moat ek tsjin Kleine Sluis en dy komme út Anna Paulowna.


Moaie kollums binne wij sljocht op. Yn it Frysk Deiblêd dizze wike ien oer Jacky….. Wij sjogge him regelmjittich fytsen en bij it fuotbal

Jonge feinten


Sa seach it B fjild  op de Skoalleseize der begjin juny út bij it Nederlânsk kampioenskip keatsen. Kommende woansdei sil it ek ûngefear sa wêze. Woansdei is de Jongfeintepartij

De harsens der in pear wiken net bij