Keatswepper

Weppers snein 28-7-2019
28 juli 2019
Weppers freed 2-8-2019
2 augustus 2019

Kommende woansdei is de PC en dat betsjut meast dat wij de keatskenners oan it wurd litte.
Sij meie riede hoefolle earsten de SDS-ers helje. Dat wie meast in poepetoer want der wiene soms mear as in hânfol keatsers.

Dit jier is it maklik want de bruorren Jelte Pieter en Bauke Dijkstra binne de ienige twa dy’t de kleuren fan SDS noch ferdigenje.

It wachtsjen wie op de lotting fan moandeitejûn en no heare wij graach it oantal earsten wat de mannen helje op de PC. Jim meie de earsten fan heit Tjeerd der ek bij optelle.

De list is hjir te finen

Mail it nei aant@vv-sds.nl  of in apke nei 06-55117582 kin ek.

De foarsizzing(en)

Jaap Toering : 3 earsten foar de trije Dijkstra’s

Aant Hofstra:  8 earsten

Willem Wijnia: 14 earsten

Dat de belangstelling foar it keatsen wol wat lytser wurdt docht bliken oan de deelname.

Resultaat

Tjeerd   0 earsten

Bauke   2

Jelte Pieter 2

Totaal 4, wat betsjut dat Jaap Toering gim in jier keatskenner fan SDS neame mei