Weppers moandei 25-1

Weppers snein 24-1
23 januari 2016
Kontribúsjes Fryske fuotbalferienings
26 januari 2016

Oefenje

Tiisdeitejûn hat in kombinaasje fan SDS 1 en A1 in oefenwedstryd yn Boalsert tsjin sc Bolsward(snein) om

20.00 oere. Fertrek 19.00 uur.

Dizze mannen sill mei:

Jaap. Jacob. Hendrik. Feite. Wiebe. Elger. Sjoerd. Bauke. Jort. Habtamu.  Pieter S. Gerwin. Laurens.  Frank. Watze Jacob.

Hernia
De trainer fan SDS 1, Frans Munsterman, hat lêst fan in hernia. Hy hat dit alris earder hân. It is noch net bekend hoe lang it herstel nimme sil, mar Frans hopet gau wer op it fjild stean te kinnen. Remco Bervoets sil moarntejûn mei SDS 1/A1 mei nei Boalsert as coach.



SDS 1 – Mulier 1
Kommende sneon spilet SDS 1 foar it earst yn 2016 thús. Sy meie dan de derby spylje tsjin ús freonen út Wytmarsum, Mulier 1. De wedstryd begjint om 14.30 oere. Ijs en wederdienende…….

Betterskip!
Ôfrûne woansdei by de sealfuotbalwedstryd tusken SDS 1 en sc Bolsward 2 kaam in SDS’er ûngelokkich yn botsing mei de keeper fan sc Bolsward 2. De keeper fan sc Bolsward foel út. No docht bliken dat hy syn kûtbonke stikken hat. Wy winskje him betterskip ta!

Kontribúsjes
Op de
webside fan Omrop Fryslân stiet in ûndersyk nei de hichte fan de kontribúsjes fan fuotbalklups yn Fryslân. It wurdt hjieryn dúdlik dat SDS net sa heech sit mei de kontribúsjes. By de senioaren binne der 140 fan de 169 klups djoerder as SDS. Moarn mear hjir oer.

Harsens derby (1601)
As SDS 1 sneon wint fan Mulier dan giet Jaap Toering sa it fjild rûn: