Weppers snein 21-4

Utslaggen sneon 20-4
19 april 2013
Weppers moandei 22-4
21 april 2013

200ste
Wij hiene al ferwachte dat it 200ste doelpunt fan dit seizoen fan de 5 seniorenalvetallen en de Vr1 en 2 juster falle soe. No noch de fraach wa skoarde dat: SDS 3 en SD 5 wiene yn it foardiel want sij begongen betiid. Neffens SDS 5 waar it 200ste doelpunt skoard troch Gert Jan Hiemstra, de doelman. Hij benutte in strafskop.

Ferslaggen
Moai dat wij wer wat ferslachjes binnen krigen hawwe. Jim kinne se allegear
hjir lêze.

Rinsma foar Remco
Hjoed allegear sport yn Easterein yn it ramt fan Yn it Spier foar Rinsma foar Remco. Folleybalje en fuotbalje yn en bij de sporthal. Fanôf 13.00 oere.

Drop anekdoate
Mooiste D2 dropmomentje in Mantgum:
‘Wilt u ook drop kopen voor SDS?’
‘Nee, wij zijn lid van Oosterlittens, dat is de concurrent.’
‘Oké, maar als u ons steunt, gaat SDS niet failliet en houdt Oosterlittens een mooie concurentiestrijd.’
‘….Nou.., ja…, wat kosten ze?
‘2 voor 5 euro.’
‘Oke!’

Poiesz aksje
At jim witte wolle wat de Poiesz aksje SDS oplevere hat…..sjoch
hjir.

Dropferkeapster

Wij fregen om wat dropferkeapfoto’s en dêr is al ien. Op de foto Anouk Delfsma dy’t oan Baukje Wytske mar leafst twa doaskes ferkeapet.

Kaarten
Moarn mei Jong Heerenveen fuotbalje tsjin Jong Ajax. Ús jeugd-foarsitter hat dêr noch in bult kaarten foar. Wa’t ien hawwe wol mei maile nei
Foarsitter-jeugd@vv-sds.nl.

Kampioen

Sa’t jim witte hawwe wij ek bijsûndere belangstelling foar it damjen Frysk spul. Hartwert is dêryn in wichtige klup en fan de 50 kear wurdt Teake Kooistra 48 kear kampioen. Dit seizoen waard hij dus net kampioen: Us eigen Stoffel wie de beste fan de klup. Fan herte.

Harsens derby(1009)
Wat sille wy hjir no fierder noch fan sizze?