Weppers moandei 22-4

Weppers snein 21-4
19 april 2013
Weppers tiisdei 23-4
22 april 2013

Programma midswike
Der sille dizze wike noch wol wat wedstriden wêze tinke wij.
Wij sjogge foar tiisdei SDS A1 – Arum-Stormvogels A1 stean. Ek MC1 St Annaparochie MC1 is op dyselde jûn.
At it ús net mist ûntfangt SDS 4 kommende woansdei Oudega 2 yn Easterein en SDS 3 tongersdei CVVO 3.
En de Vr1 en Vr2 moatte beide op tongersdei?

Ynhelje
Kommend wykein is der in ynhelprogramma: Der steane 13 thúswedstriden en 1 útwedstriid op it programma. Opfallend.

Kaarten
Jûn mei Jong Heerenveen fuotbalje tsjin Jong Ajax. Ús jeugd-foarsitter hat dêr noch in bult kaarten foar. Wa’t ien hawwe wol mei maile nei
Foarsitter-jeugd@vv-sds.nl.

16.00 uur: Klim- en klauteractiviteiten op het Noordveld
17.30 uur: Stadion open
17.45 uur: Optreden Yes-R
18.30 uur: Wedstrijd Jong sc Heerenveen – Jong Ajax
+/- 20.30 uur: Huldiging Jong sc Heerenveen


Moaie tún
Wij witte net at jim de prachtige tún fan Ozzy wolris sjoen hawwe yn Spannum. It wie altiten in riedsel hoe’t it dêr sa geweldich groeie woe. It antwurd is der. Wittenskiplik ûndersyk hat
dit útwezen.
Omdat de tún fan Pep en Eddy de Boer der ek sa moai útsjocht tinke wij dat de muzyk fan
Joe Bonamassa it selde effekt hat yn Easterein.

11 maaie
11 maaie hat SDS 1 de lêste thúswedstryd(tsjin Blauw-Wit’34) en meie ek SDS 2, 3 en 5 thús fuotbalje. Nei dizze wedstriden sil der in stikje muzyk wêze yn de kantine.

4 maaie
4 maaie sil SDS 2 derop út. Wêr ’t sy hinne sille is noch net wis, mar sy sille yn eltse gfal earst nei Makkum om dêr te fuotbaljen. Miskien giet SDS 3 ek wol mei op stap.

Balk 2 kampioen
By SDS 2 yn de kompetysje is it kampioenskip al beslikke. Balk 2 stiet 10 punten foar op nûmer 2 Olympia mei noch 3 wedstriden te gean en is dus kampioen.

Harsens derby(1010)
Ho!