Evenementen in november 2022

Utslaggen 1 maart
29 februari 2008
Weppers moandei 3-3
2 maart 2008

SDS 1

Henk Bootsma lei it momint fan de wedstryd fêst. Tjalling Sikma skoort de beslissende 1-0.

Lollummer (1)
Trienus de Jong fan Lollum en fan SDS 5 hat al in skoft lêst fan syn ankel. Koart lyn is hij der oan opereard. Sa’t sneon bliken die hat hij ek lêst fan de holle. Sneontemoarn siet hij bij in jeugdwedstryd te sjen yn Easterein en hij sei: “Ik bin foar jv Bolsward”.

Lollummer (2)
Sabine Burggraaff, de dochter fan Ype moast efkes foar heit sjen at it fuotbaljen fan SDS 5 ek troch gie. At de dochter heit de doar graach út ha woe, witte wij net, mar se sei yn alle gefallen: SDS 5 – Oudehaske 4  healwei trijen.  Se fergeat derbij te sizzen dat er efter stie “ôflast”. Sa kaam Ype mei tas en al moai op tiid oan yn Easterein.

Maat
Floris Hiemstra die sneon in opmerklike bekentenis yn Easterein:”Ik haw ek yn Wommels in maat. De pinautomaat.”

Lift
Lolke, Ype, Daan en Willem sille kommend wykein nei Liverpool. No hawwe sy noch in lift nedich. It falt mei. De lift hoecht mar oan ’t Schiphol. Wa kin?
Mail nei info@vv-sds.nl!
De heren wurde tusken 16.00 en 17.00 op Schiphol ferwachte.

Scheltema
Wolle jim de sidebesikers bedanken dat se op ú stimd ha want ek dizze wike steane we yn klipkar.(om 5.30 begjint it) Moai foar de minsken die it foarige wike mist ha. De konkurinsje wurdt der net makkeliker op: Pigmeat!
Fred

F4
De jongste fuotballers fan SDS kamen sneon foar it earst yn aksje. It foel betiden net ta om op de foet te bliuwen, mar wij hawwe se net klaaien heard. De kommende wike stelle wij de nije talinten oan jim foar.

Op reis
Ien spiler fan SDS 1 hat net folle feest meimakke sneontemiddei: Skelte Anema waard gelyk nei de wedstryd ophelle troch broer Jelle en freonen om ôf te reizgjen nei Switserlân foar in wolfertsjinne skifakansje.

Jas kwyt
Sa de measten noch wol witte,wie it 3 wyken lyn dat MOOI WARK spile yn Easterein.
Hjir kamen Hendrik de Jong en ik net yn. Troch ûnbekende redenen ha wy wiksele mei ús jassen.
Ik tink dat Hendrik wat jaloersk wie op my. Troch noch ûnbekendere redenen ha ik Hendrik syn jas kwyt barge.
Fine/witte jo wer de jas fan Hendrik is??Meld dit dan snel oan him as oan my/ús.
Fansels wurdt de finer beleand mei in prachtige priis : In jûntsje mei my en Hendrik te bowlen op kosten fan ús!! 
Omskriuwing jas: 
Herenjack,bruin getint,meerdere steekzakken,keperbinding,maat L,ruikt naar AXE,capuchon en mouwen niet te vergeten!!
Bettere utlis kin hast net soe ik sisse. Wy hoopje eltse dei noch steeds dat dizze jas tefoarskyn komt.
Groetnis Gerard van Asselt(jassenverdwijner) en Hendrik de Jong(Sorbo
)

EK-fuotbal
Oer in pear moanne begiet it EK-fuotbal. Hjir kinne je alfêst alle ynformaasje dêroer fine(klik
hjir).