Weppers moandei 3-3

Weppers snein 2-3
29 februari 2008
Weppers tiisdei 4-3
2 maart 2008

Nije leider
Troch gezondheidsprobleemkes sil Floris Hiemstra dit seizoen net mear fuotbalje foar SDS 1. Wy binne bliid dat hy no oanjûn hat de rest fan it seizoen wol leider fan SDS 2 wêze te wollen. Ús komplimenten!

In echte leider

Twa doelpunten
Der wiene sneon twa seniorenalvetallen aktyf. Dat levere twa doelpunten op. Wichard, dy’t makliker skoort yn SDS 2 dan yn SDS 3 en Tjalling Sikma. De folsleine list stiet
hjir.

Ferslach SDS 1
Klik
hjir foar de felisitaasjes oan en it wedstrydferslach fan SDS 1 fan Siem Sikma.

Dizze glimk is sneon net fan Siem syn gezicht ôf west.

Foto’s
Henk Bootsma hat sneon wer hiel wat moaie plaatsjes sjitten by SDS 1 – Trynwâldster Boys 1 (klik
hjir).

Ferslach SDS 2
Wichard Deinum mailde ús hjoed in ferslach fan de wedstryd tusken SDS 2 en de Ljouwerter Sweltsjes fan ôfrûne sneon. Hjir is ‘ie.

Oprop
Kommende sneon moatte alle seniorenalvetallen wer los. Der driget no al in tekoart oan spilers. Dêrom wurde alle ferloven fan sneon ynlutsen en moatte alle blessures oer wêze en sille bazen harren wurkrooster oanpasse moatte oan de SDS-ers. Al boekte tripkes nei bygelyks Liverpool meie wol trochgean.

Brutsen wyt
Eddy de Boer (SDS 5) lit witte dat hij tige rekke is troch de reden fan sneon fan in wike dat hij der net wie. Der stie: leit op de bank.
Dat is yn noch út net wier. Eddy wie oan it sauzen.
Brutsen wyt.
Wij binne bliid dat wij it hjir mei rjochtsette kinne. Wij fûnen it ek al hiel raar……

Efkes út de loft
De webside hat justerjûn en fannemoarn efkes út de loft west. Wêrom witte wy net. Wy hoopje dat dit net te faak foarkomt.

Frjemde goal(1)
Fan ‘e wike kinne jim hjir in stik of wat nuvere goals sjen lykas dizze. Hat de skeids no floten of net? Net dus……..