Weppers snein 2-11

Ut en ferslaggen 1-11
30 oktober 2014
Weppers moandei 3-11
2 november 2014

Socht
Skiedsrjochterskommisje SDS siket fluitist foar de mini-league. Sneontemoarns. Beleanning: In soad wille tegearre mei Arnoud, ús fêste ml-kanjer.

B&B
It supportersduo B&B koe sneon wer moai op de fyts nei in útwedstriid fan SDS 1. Boalsert wie it doel. No binne der meardere diken dy’t nei Rome liede mar ek nei Boalsert. It duo mei in oantal oare sportive supporters kaam yn Hartwert en dêr gie it hielendal mis. B woe binnentroch en de oare B woe gewoan bûtenom. En sa waard it fanôf Hartwert B sûnder B.
It waard in rees tsjin de klok. Mei it skom op de mûle arrivearde de bûtenom B as earste en syn fyts moast trije kertier bekomme. De oare B kaam fluitend efkes letter. Hij hie it wierskynlik lekker rêstich oan dien.

Mannen (en froulju) fan SDS,
Sneon 1 Movimber is de start fan een pracht fan in kampanje om oandacht te freegjen foar in oantal syktes by mannen.
It giet om prostaat- en teelbalkanker en geastlike problematyk. Underwerpen wêr’t net elkenien fry oer prate kin/wol.

Op dizze side en dizze feesboekside is mear ynformaasje te finen.

As alle mannen fan SDS no ris meidogge, kin it net oars as moai praat en moaie plaatsjes opleverje tochten wy sa.
Dreech kin it net wêze…….

Forza FC Mustache!

Robben

As bekende fuotballer moatte je mei elkenien op de foto. It komt foar dat se je soms in lyts bern yn de earmen triuwe foar je it yn de gaten ha. Ferbaasd wie der doe’t hij ris goed nei dit mantsje seach: Dy hat wol in hiel soad fan de trainer fan Southampton.

Haptamu
Yn it AD fan sneon giet de bijlage oer de lytse sporten wêr’t nije wike yn Utert fan festijn fan is. Ek it keatsen komt oan de oarder. En wa sjogge wij dêr pronkjen mei de toer fan Wommels op de eftergrûn? Sjoch hjir
En wij hope fansels wol dat syn fuotbaltrainer dit lêst!